heit&mem

Sa prate wy thús

Maaike Dijkstra-Zakhary (33) en Beshoy Zakhary (28) wenje mei harren dochter Noa (4 jier) yn It Hearrenfean. Beshoy komt út Egypte en praat Arabysk mei Noa. Maaike en Noa prate Nederlânsk mei-inoar. Maaike en Beshoy prate ûnderling Ingelsk.

x 23 december 2021

Maaike en Beshoy learden elkoar kennen yn Egypte, doe’t Maaike dêr op fakânsje wie. Nei in skoftsje hinne en wer reizgjen komt Beshoy yn 2016 nei Nederlân. Maaike: ‘Wy ha it wenjen yn beide lannen oerwoegen, mar ik hie wol altyd sokssawat fan: as wy bern krije, dan wol ik leaver dat sy yn Nederlân opgroeie. Lokkich woe Beshoy dat ek. Om’t Beshoy fan hûs út net echt Ingelsk leard hat, en ik gjin Arabysk ken, ha ik him it Ingelsk leard. Wy ha sa stadichoan in bytsje ús eigen Ingelsk ûntwikkele. Beshoy kin yntusken ek goed Nederlânsk en giet alle wiken nei it ROC Friesland College om de taal noch better te learen. Hy ferbetteret my no somtiden sels. As ik oan Noa freegje: “Misschien kun jij deze boodschap wel even sjouwen?”, wurd ik troch him ferbettere: “Nee Maaike, je bedoelt ‘tillen’!”’

Noa waard berne yn 2017. Maaike: ‘Wy hiene foarôf betocht dat it moai wêze soe as Beshoy Arabysk praat mei Noa, sadat sy ek echt opgroeit mei dy taal en mei har famylje yn Egypte kommunisearje kin. Yn de praktyk slûpt der no hieltyd mear Nederlânsk yn de kommunikaasje tusken Beshoy en Noa, om’t er dat no sels ek goed kin. Mar de wyklikse Arabyske les dy’t Beshoy oan Noa jout, bliuwt. Se fideobelje dan faak mei “Taytah” (beppe) yn Egypte. Noa begrypt it al goed, as Taytah oan ’e ein seit: “Geef mij kusjes!”, dan wiuwt Noa in pear tútsjes nei it skerm. Beshoy en Noa bidde ek alle jûnen yn it Arabysk en lêze tegearre yn in Nederlânske bernebibel. Beshoy is in Koptysk-ortodokse kristen, dat neist de taal krijt Noa ek it leauwen fan him mei. Doe’t Noa in pear moanne âld wie, ha wy yn Egypte west, dêrnei is it troch de pandemy net mear slagge. Hooplik kinne wy Taytah ynkoarten wer yn it echt sjen.’

Maaike is kapster by ‘Berino The Art of Beauty’ yn Grou en fan hûs út Frysk, mar se praat Nederlânsk mei Noa. Maaike: ‘Dêr hawwe wy foar keazen om’t Beshoy it Nederlânsk ek noch goed leare moast. No’t dat aardich rint, komme der ek hieltyd mear Fryske wurdsjes yn ’e hûs. Beshoy wurket by Ausnutria yn It Hearrenfean, en hat op de wurkflier it Frysk ek aardich ûnder de knibbel krigen. Noa krijt it Frysk ek mei fan pake en beppe, dêr’t sy in soad te finen is.’ Noa neamt Beshoy en Maaike ‘heity en memmy’. Maaike: ‘Allinne as ik net hurd genôch antwurdzje, dan ropt se “Mama!”, even sjen oft ik dan wol reagearje.’ Wêr’t al dy talen wol net goed foar binne…

Tekst: Hieke Rienstra
Foto: Hippe Kiek fotografie
Ut: heit&mem nr. 2 2021

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!