heit&mem

De resinsje fan Maaike: Stip yn ’e trein

x 24 november 2021

It is woansdei en der falt in fleurich ynpakt pakketsje op ‘e matte. In nij boekje foar Redmar! Tegearre ûntdogge we it fan it reade papier. Der komt in boekje yn ‘e foarm fan in trein tefoarskyn. 

It boekje ‘Stip yn ‘e trein’ fertelt it ferhaal fan Stip dy’t mei syn beppe op stap west hat. Se hawwe tegearre in dei fuort west en geane no mei de trein werom nei hûs, dêr’t mem op se stiet te wachtsjen. Yn de trein binne ek oare reizgers, dy’t elk har eigen (net beskreaune) ferhaaltsje fertelle, mar dat soest sels wol ynfolje kinne. 

Op de foarkant fan it boek stiet dúdlik oanjûn wêr ast drukke moatst om it lûd fan de trein te hearren. Dat bliuwt lykwols wol beheind ta ien lûd, wêrtroch’t it, wat my oangiet, net echt it predikaat ‘lûdeboek’ ha mei. Ik hie wat dat oanbelanget dochs wat mear lûden ferwachte. Trochdat it boek in batterij befettet, eaget it twa kear sa grut as dat it feitlik is. Dat falt dus wat tsjin.
It is in koart ferhaal, mar dêrtroch just hiel geskikt foar de allerlytsten, omdat sy oer it algemien noch net sa’n lange spanningsbôge ha. Neist it lûd fan de trein kinne ek de prachtige heldere kleuren fan it boekje goed helpe om de oandacht werom te krijen.

It boek hat moaie dikke siden en troch de treinfoarm slagget it ek Redmar om de siden om te slaan. Hy fynt it dan ek machtich moai om it boekje wer ticht te dwaan en besiket hieltiten om op de reade knop te drukken. Dat slagget him helaas noch net, mar dat sil âldere bern better ôfgean.

Al mei al in hiel leuk en, troch de foarm, unyk boekje, dat sels geskikt is foar de lytste boekewjirmkes ûnder ús.

Groetnis,
Maaike Dillema, mem fan Redmar (10 moanne âld)

Klik hjir foar in fideo mei it lûd fan it boekje

 

‘Stip yn ’e trein’ is foar € 14,99 hjir online te bestellen.

-> Maaike is lid fan it Afûk-boekpanel. Wolsto dy ek oanmelde, boeken tastjoerd krije en dêr wat oer skriuwe? Sjoch dan hjir foar mear ynformaasje.

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!