heit&mem

De resinsje fan Thea: It biste-alfabet

x 28 oktober 2021

In fleurich, grienkleurich boekje falt út de slúf. Niels fan 3 is entûsjast. Hij sjocht fuort it aapke mei wol twa bananen yn syn hannen! Dat is wol in hiel soad! En dat stiet der ek: a is fan aapke, in grappich en ûndogens bist.

In goed begjin fan in grappich boekje. Elke letter fan it alfabet wurdt fertsjintwurdige troch in bist. Allegearre werkenber yn byld brocht, wylst se boartsje mei ‘harren’ letter. Elk op syn eigen wize. De inketfisk krûpt mei syn acht earmen de I oan, as wol er sizze: Wolsto in krûper ha fan my?

De ‘o’ foel yn ’e smaak by de bern. We ha yn de hjerstfakânsje nei Aquazoo west, en dêr ha we de otters sjoen! ‘Dy sitte ek yn dit boekje mem!’

De oplossing foar de ‘q’ is ek moai betocht. Net te yngewikkeld.

En as je dan tinke: no is ’t boekje út, komt der noch in ferrassing: it alfabet stiet oan beide kanten fan it boekje. Benthe (5) hat al gau yn ’e gaten dat der noch in oare kant fan it boekje is. Se lêst de letters foar, en dan kinne je it boekje omdraaie. Dêr binne de ferhaaltsjes yn ’t Nederlânsk te lêzen. De printen binne itselde, mar de rymkes net. Dat makket it boekje ek foar âldere bern ynteressant om te lêzen. Benthe wol graach sjen oft der ek ferskil yn sit. Sawol yn skriuwwize as útspraak. Dat makket it foar har wer een hiel oar boekje.

En dêrmei hiel geskikt foar sawol lytsere bern as foar bern fan 5 jier of âlder. Al hielendal as se sels lêze kinne, dan is it ek in hiel geskikt boekje. Foar sommige wurdsjes sille se noch wat help nedich hawwe, mar ik tink dat se in hiel ein komme!

Al mei al in moaie oanfolling foar de boekekast. En hiel geskikt as kadootsje.

 

Thea de Boer

‘It biste-alfabet’ is foar € 14,95 hjir online te bestellen.

-> Thea is lid fan it Afûk-boekpanel. Wolsto dy ek oanmelde, boeken tastjoerd krije en dêr wat oer skriuwe? Sjoch dan hjir foar mear ynformaasje.

 

 

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!