heit&mem

De resinsje fan Wieke: Hero

x 28 oktober 2021

Ast it wurd al lêst… In held.

It giet oer in echte Fryske hynst.

It boek is sawol yn it Frysk as yn it Ingelsk te lêzen. Hiel learsum.

Yn it boek is it oarloch; de Twadde Wrâldoarloch. Izaak is de haadpersoan en hy moat út Amsterdam wei flechtsje. Achterop de fyts flechtet er in nei syn skûlplak: in buorkerij yn Fryslân.
Op de buorkerij kin Izaak syn draai net echt fine. Oant er freonskip slút mei in hynder: Hero. Izaak bout in bân op mei it bist en krijt ek freonen derby. It ferhaal kriget in oare wending as de Dútsers komme. Sy stelle bisten en oar guod fan de minsken; wat se mar brûke kinne. De Dútsers wolle Hero ek foarderje. De earste kear dat se op de pleats komme, betinkt Izaak in plan: hy en Gabe flechtsje mei Hero achter de âlde seedyk, dêr’t de Dútsers har net sjen kinne.

Letter komme de Dútsers noch in kear werom. No binne se te let om út te naaien. Izaak wurdt gau yn de foerbak ferstoppe. As er derút klimt, heart er op it hiem hoe’t de Dútsers de hynst en ek de merje Clasina foarderje. Gabe giet mei, om’t er net wol dat in oar op de hynders past as hy

Mar dit rint allegear oars as Izaak in oar plan betinkt.

Nei de oarloch wurdt der feest fierd. De bern fan skoalle binne frij en Izaak sil wer nei Amsterdam moatte. Mar wol der dat? Hy mist Hero en de jonges.

Hoe’t it ferhaal fierder giet wol ik eins net fertelle. It is spannend om te lêzen foar bern, mar elts wol graach witte hoe at it einiget. Sa ek by my thús…

Oarlochsferhalen mei belevenissen fan bern en bisten deryn binne in goeie kombinaasje. Us âldste soan is hast 11 jier en fûn dit in leuk en spannend boek. Sels Frysk lêze is noch wol lestich en ek English is difficult. Dat it boek yn twa talen útbrocht is, is wol moai, want asto it Fryske earst lêst en begrypst, kinst letter it Ingelsk ek better begripe. Al mei al binne dat allegear pluspunten.

 

Wieke Hoekstra út Ternaard

‘Hero’ is foar € 14,95 hjir online te bestellen.

-> Wieke is lid fan it Afûk-boekpanel. Wolsto dy ek oanmelde, boeken tastjoerd krije en dêr wat oer skriuwe? Sjoch dan hjir foar mear ynformaasje.

 

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.