heit&mem

De resinsje fan Irene: ‘Wêr is Keimpe?’

x 16 september 2021

‘In prachtich sjoch-, lear- en fertelboek’ stiet der op de efterkant fan it boek Wêr is Keimpe?. En sjen, leare en fertelle: dat kin mei dit boek yndie prachtich troch de platen dêr’t fan alles op bart en dêr’t Keimpe de Krokodil him op ferstoppe hat.

Seppe (2) fynt it kaft al prachtich, mei al dy drok dwaande krokodiltsjes derop. Dochs slacht er it boek fuort iepen, nijsgjirrich nei de rest. De platen oer famylje, de buorkerij, it ferkear en fan de fakânsje sprekke dalik oan. Hoe langer oft wy sjogge en sykje, hoe mear details wy ûntdekke.

In protte wurdsjes kin Seppe al beneame, mar der steane ek nije konsepten foar him yn. Kikkertdril hat er bygelyks noch noait sjoen. Moai om dan daliks oer kikkertsfiskjes en kikkerts út te lizzen. It blykt ek in hiel geskikt boek foar de wêrom-faze… Wêrom mei dy auto net fierder ride? Wêrom ferstoppet dat bistje ikels? In learsum boek dus. Ek foar mysels, want der steane in pear wurden yn dêr’t ik noch noait fan heard hie, lykas titelroas (narsis) of ealjebij (wesp). Guon wurden binne my ‘wat al te Frysk’. Rinstek, draakjefleane, of bonkerak: hearst it my net sa gau sizzen.

Wol jammer dat de online ynteraktive platen net te finen binne. De QR-koade komt wol op in webside út, mar dêr steane se net op. Lokkich hiene we ús pjut noch net oer de online platen ferteld en bleauwen grutte teloarstellingen en ‘krokodilletriennen’ út… (redaksje: dit wurket yntusken wer!)

Online ynteraksje of net… It boek sels is in grut súkses. Seppe krûpt mar al te graach by syn pakes en beppes op skoat om troch it boek te blêdzjen, alles oan te wizen en te fertellen wat er leard hat. En as in pear dagen letter syn twa grutte nichten, dy’t thús net Frysk prate, by ús útfanhús binne, pakt de jongste (4) ek daliks it boek derby, om te sjen wat der allegear op de platen bart. Foar de âldste is it moai om de Fryske en Ingelske wurdsjes te lêzen. En ek al binne je al sân, mei dyn mem, lytse suske en neefke de krokodil opsykje, ja, dat bliuwt moai!

Wy ha ek in stikkerfeltsje krigen by it boek, want op de buorkerij is Keimpe nergens te finen. Dy meie wy sels in plakje jaan troch it stikkertsje yn it boek te plakken. Krekt wat!

Irene Klompmaker, mem fan Seppe (2)

 

‘Wêr is Keimpe’ is foar € 14,95 hjir online te bestellen.

-> Irene is lid fan it Afûk-boekpanel. Wolsto dy ek oanmelde, boeken tastjoerd krije en dêr wat oer skriuwe? Sjoch dan hjir foar mear ynformaasje.

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!