heit&mem

De resinsje fan Sytske: It bijeboek

Dieuwke van der Meer 1 september 2021

Hiel oandachtich liezen wy It Bijeboek. Want sa faak stean wy net stil by wat de bij betsjut foar ús deistich libben.

Wat in knappe bisten & wat dogge se in soad foar ús, en dan bedoel ik net allinnich mar huning meitsje.

Wisto bygelyks dat der sa’n 20.000 ferskillende soarten bijen binne? En dat der yn in bijekast wol 35.000 bijen sitte?

We foelen fan de iene ferbazing yn ‘e oare doe’t we learden oer alle soarten bijen, harren gewoanten, harren supersoanyske liif, harren leefgebiet en eins alles wat derby te sjen komt om huning te produsearjen.

Wy fûnen it machtich om te lêzen hoe’t de yndieling yn in bijekast is, hoe’t as fansels de ferdieling fan al it wurk giet, en hoe’t se mei-inoar kommunisearje: mei in bijedûns!

Ek de bedrigingen foar de bij wurde omskreaun, krekt as wat der barre kin wannear at bijen útstjerre soenen.

Gelokkich stean der ek tips yn it boek, bygelyks it plantsjen fan blommen of it meitsjen fan in bijehotel.

Hjir binne fuortendaliks de bijeblommen siedde & we sille ek ris te set oer it meitsjen fan sa’n moai bijehotel.

Want ien ding is seker: wy sjogge no mei hiele oare eagen nei dy wûnderlike, hurdwurkjende bisten. Dy’t safolle mear foar ús betsjutte as dat wy yn earste ynstânsje wisten.

In moai yllustrearre, ynformatyf boek, dat hjir fan jong (4) oant âld (34) yn ‘e smaak foel! In moaie bykomstichheid wie ek noch dat ik ûntduts dat ús Tieme (8), dy’t eins allinnich mar Nederlânsk praat, Frysk foarlêze kin. 

 

Sytske Gietema út It Hearrenfean

 

‘It Bijeboek’ is foar € 15,00 hjir online te bestellen.

-> Sytske is lid fan it Afûk-boekpanel. Wolsto dy ek oanmelde, boeken tastjoerd krije en dêr wat oer skriuwe? Sjoch dan hjir foar mear ynformaasje.

 

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.