heit&mem

De resinsje fan Erika: De alderleafste lytse bearen

x 24 april 2022

In nij boek, leave berntsjes.
We gean lêzen!

“Ik bin as earste by de bank!”
“Ik bin de snelste!”
“Ik bin de grutste!”
“Ik wol by mem op skurte!”

Ha wy hjir mei berntsjes of hintsjes te meitsjen?
Wurdt dit no de pikoarder neamd?
Se witte dochs dat it foar mem neat útmakket? Dochs?

“Der wiene ris
In mem bear,
In heit bear,
En trije lytse bearen.
It wiene de alderleafste bearen fan de hiele wide wrâld!

Mar doe, op in jûn, begûnen de bearen te prakkesearen.
Hoe wisten heit en mem dat sa seker?

En de twadde fraach: wa fan de trije bearen is de leafste?
Want, se koene net allegearre de bêste wêze.”

In goeie fraach, en hiel terjochte.
In fraach dy’t by bern ek libje kin.

Alles yn it boek strielet rêst út.

Heit of mem seit it wol… mar hoe witte dy dat?
Is alles samar oan te nimmen wat heit of mem seit?
En wa fan de bern op skoalle, thús of ergens oars is no de leafste? De bêste? De sterkste? De knapste?

Heit bear en mem bear pakke it bearetûk oan.
De lytse bearen krije antwurd en kinne har noflik deljaan.

In prachtboek om te lêzen en te besjen.
Stevige siden mei in ljochtgiele kleur.
It boek hat in moai formaat. Net te lyts en net te grut.  
De ynfolling fan de siden is rêstich foar it each.
Net te drok of te bot ynfolle, mar koarte stikjes tekst en alderleafste tekeningen.

De tekeningen binne simpel, mar dochs mei moaie details. It kleurgebrûk is rêstich, it liket wol op wetterferve. Alles yn it boek strielet rêst út. Sekerheid. Burgen-wêzen. In feilige en leave famylje, dêr’t lytse bearkes harsels wêze meie, en rûnom leafde fiele. In hearlik plak om grut wurde te meien.

Wy fûnen it in bearegoed en alderleafst berneboek!

Groetnis, Erika van Steensel
Mem fan Saar en Ross 

 

It boek ‘De alderleafste lytse bearen’ is foar € 14,99 hjir online te bestellen.

-> Erika is lid fan it Afûk-boekpanel. Wolsto dy ek oanmelde, boeken tastjoerd krije en dêr wat oer skriuwe? Sjoch dan hjir foar mear ynformaasje.

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!