heit&mem

De resinsje fan Anne: ‘By beppe útfanhûs’

x 5 juli 2021

In hiel werkenber ferhaal oer útfanhûzje. Fan it koffer ynpakken, beppe dy’t alle war docht om it moai en noflik to meitsjen, oant it útswaaien by it wer nei hûs ta gean fan Maaike. It famke giet net faak by beppe útfanhûs, tink ik, want se moat al hast gûle by it ôfskied fan mem. Fierder yn it boek hat se ek nochal krap. By it pankoekiten, yn bad en as Maaike op bêd leit fansels.

Beppe hat de hannen fol om foar ôflieding te soargjen. Pake is der net mear, tink ik. Dêr seit it ferhaal neat oer. De skilderingen wol. Op de side hast oan de ein fan it boek sjogge wy pake syn portret by it bêd fan beppe stean. En pake syn jas leit útsprate boppe op de tekkens. Miskien dochs wol aardich om dat te beneamen. Moai is it fotoboek fan Maaike har mem yn har bernetiid, dat beppe har sjen lit foar it sliepen gean. Maaike hat it sels útsocht tusken de foarlêsboeken. Hiel werkenber dat beppe ek net sliepe kin. In beppekwaal dêr’t in protte beppes oer kleie. Wol wer hiel moedich dat Maaike sels de trep delgiet om nei it húske ta!

Spitich fyn ik it dat in stik of wat wurden net yn it Frysk yn it boek steane, lykas “raam”, neffens my is dat “rút”. Knutselje neam ik nifelje. En “ferstopperke” neamden wy “ferside boartsjen” Mar miskien bin ik te krekt, mar as “Fries om utens” tink ik der altyd hiel goed om dat ik yn it Frysk praat of skriuw, mail en app. Of haw ik it net by it rjochte ein?

Mar oer it gehiel fyn ik it moai printeboek. De skriuwster kin ek goed skilderje. Ien en oar sjocht der fleurich, detailleare en nei “it libben” út. Lytse grapkes (foar dejinge dy’t foarlêst) sa as de blauwe slúf fan de belestingtsjinst dy’t troch de brievebus falt op side fjouwer. En mem yn har mantelpak foar op sakereis of konferinsje? Dat komme wy net rjocht te witten, allinnich dat mem fuort moat mei it fleantúch. Beppe hat in lange broek en in trui oan. Sels breide, tink ik, want Maaike hat deselde trui oan, yn it lyts fansels. Tijmen fan seis jier, dy’t ik it foarlies, foel oer de grutte pompoenen. Wy hawwe it derop hâlden dat beppe miskien wol meidocht oan in “wa hat de grutste/swierste pompoen op de tún-wedstriid”.

It boek kin noch krekt foar in bern fan seis jier, mar is foaral moai foar trije, fjouwer en fiif jier, tink ik.

Anne Visser, Moordrecht
Mem fan Nynke en Roos
Beppe fan Floor, Aafke, Kasper en Tijmen

Pensjonearre, mar de lêste tolve jier yn oplieding en wurksum as Clown. Foar MiMakkus (Latynsk foar “Mijn vriend de Clown), by minsken dy’t oan demintens yn fier stadium lije. En foar bern en folwoeksenen mei in geastlike e/o lichamelike beheining. Mar ek foar it ”Beter Gezelschap”, projekten yn sikehuzen, refalidaasjesintra ensf. Oant myn fyftichste jier haad fan in berne-opfangsintrum yn Rotterdam.

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!