heit&mem

De boekresinsje fan Froukje: Timen op ’e tegels

x 28 juni 2021

Dibrich, ús jongste fan 3 jier, moat fan my altyd noch op ‘e stoepe bliuwe. In regel dy’t in protte lytse bern te hearren krije as se nei bûten ta wolle te boartsjen. Se hat in grutte broer, Hisse, dy’t al 8 jier is en it hiele doarp troch mei. As se freget wêrom’t Hisse dan wól op ‘e dyk fytse mei is myn antwurd: “De dyk is noch te gefaarlik foar dy.”

Timen hat deselde regel krigen fan syn heit. Heit hie tasein dat er mei him nei bûten ta soe, mar hat it dochs te drok. Dan giet Timen allinnich nei bûten ta. Dat mei, mar allinnich as der op de tegels bliuwt. En dat docht er dan ek, hoe mâl oft it ek giet.
Fan it momint dat Timen op in stapel stoeptegels klimt begjint it aventoer. De tegels ferhúzje hieltyd fan plak. Earst wolle de strjitlizzers Timen fan de tegels ôf hawwe, dêr’t Timen op seit dat er fan syn heit op ‘e tegels bliuwe moat. Ek de frachtweinsjauffeur wol Timen fan de tegels tille, mar wer makket Timen dúdlik dat er op de tegels bliuwe moat. “Fan wa?” wurdt der dan frege. “Fan ús heit,” seit Timen. “Dan is it goed,” sizze alle stoere wurklju.
Sadree’t heit yn de gaten hat dat Timen op in stapel tegels de strjitte útriden wurdt, fljocht hy der achteroan om Timen te rêden. Hy pakt Timen syn autopet en weaget him yn it drokke ferkear op de dyk, hartstikke gefaarlik fansels, want heit bliuwt net op de tegels!

 

Timen is op de grutte plaat te sjen en heit syn gefaarlike reis op lytsere ynfoege plaatsjes. It sit fol humor en grapkes. De foet dy ta it wetter útstekt fynt Dibrich heel grappich en Hisse snapt hiel goed de grap dat Timen hieltyd op de tegels sitten bliuwt, wat yn de eagen fan folwoeksenen krekt hiel gefaarlik is.
In prachtich boek dat troch it ûnderwerp, de werhelling en de yllustraasjes heel geskikt is foar jonge bern, fan trije jier ôf. Mar troch de dûbele laach fan humor ek heel geskikt foar wat âldere bern. As mem fyn ik de boeken fan Tjibbe Veldkamp stikem ek hiel leuk.

Froukje Lok, mem fan Dibrich (3) en Hisse (8)
Mantgum

 

‘Timen op ’e tegels’ is foar € 14,99 hjir online te bestellen.

-> Froukje is lid fan it Afûk-boekpanel. Wolsto dy ek oanmelde, boeken tastjoerd krije en dêr wat oer skriuwe? Sjoch dan hjir foar mear ynformaasje.

 

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!