heit&mem

De boekresinsje fan Jettie: Sipke op it keatsfjild

x 3 augustus 2022

Ha moai, dêr is wer in nij Gouden Boekje oer Sipke de mûs. Jelmer (7) en Marije (4) kenne Sipke fan guon fan syn eardere aventoeren. Fan dy kear dat hy sels in boat boude (Sipke sil sile) en syn kear op it iis (Sipke syn Alvestêdetocht). Dy boeken ha we thús ek. Alle kearen wurdt Sipke beselskippe troch pake Pipermûs, in ûndernimmende, sportive pake. Lida Dykstra har boeken kenne we ek goed, dy wurde mei nocht lêzen.

Yn it nijste diel komt Sipke yn ‘e kunde mei in ferneamde Fryske sport, nammentlik it keatsen. Bekend oant oer de provinsje- en lânsgrinzen hinne, allinne… net by Jelmer en Marije. Is dat slim? Stiet it it lêzen fan dit boek yn ‘e wei?

It antwurd dêrop is, yn ús gefal, ja. Yn it part fan de provinsje dêr’t wy wenje, is keatsen in sport dêr’t de measten de spulregels net fan kenne. Sa ek Jelmer en Marije, dy’t noch nea fan de sport heard ha. Sadwaande moat der hieltyd wat útlein wurde: wat is it perk, wat is in telegraaf, wat is in keats, in skroeier of in boppeslach. Gelokkich hat Lida Dykstra efteryn it boek in list fan keatstermen opnommen, dat makket it makliker te begripen.

Hâldt dat allegear yn dat it in stom boek is? Nee, want dat is it nét.

Benammen tekstueel is it boek slagge. Lida Dykstra skriuwt yn flotte sinnen, allegear op rym. It ferhaal is ek moai betocht, want ek al wint Sipke syn partoer (dat wurd moast ek útlein wurde) net, it is dochs in goede wedstriid. En der is hope foar Jelmer en Marije, want Sipke sels hie earst ék gjin doel oer keatsen.

Lykas de eardere boeken oer Sipke, binne de tekeningen makke troch Harmen van Straaten, in ferneamde berneboeke-yllustrator. De kleuren binne fleurich, it gehiel is wat rommelich. Oer it generaal fine Jelmer en Marije se net pakkend genôch; der sitte gjin grapkes yn ferstoppe, gjin ûnferwachte dingen dêr’t men earst oerhinne sjocht. Dêrtroch binne se gau útsjoen.

Muoike Aaf fine se sels wat eang, twivelje hokfoar bist se is. Iksels fyn har der suterich útsjen mei har bosk hier.

In moai boek, mar oare kear lêze we dochs mar in oar boek fan Lida.

Jettie de Wilde

 

‘Sipke op it keatsfjild’ is foar € 8,99 hjir online te bestellen.

-> Jettie is lid fan it Afûk-boekpanel. Wolsto dy ek oanmelde, boeken tastjoerd krije en dêr wat oer skriuwe? Sjoch dan hjir foar mear ynformaasje.

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!