heit&mem

Boekresinsje fan Annika: ‘Sipke op it keatsfjild’

x 2 augustus 2022

Hjoed is it safier, it famyljekeatsen! Sipke sjocht hoe’t it partoer fan syn pake Pipermûs it opnimt tsjin de iikhoarntsjes. De hiele famylje docht mei, behalve Sipke sels. Hy ken it spul noch net. Hy sjocht fol spanning ta. Ynienen ferkloft muoike Aaf it ankel. Se kin net fierder spylje… Pake Pipermûs wit fuortendaliks in oplossing: Sipke moat it fjild yn.

Sipke is wol senuweftich, want hy hat noch nea keatst. Oan it begjin docht er wier syn bêst, mar hy rekket net in bal. Syn freontsjes besykje him oan te moedigen en dat slagget: Sipke rekket ynienen de bal sa goed, dat er in boppeslach makket! Hoewol se úteinlik de wedstriid ferlern ha, is pake Pipermûs hiel grutsk op Sipke en fynt him in wier keatstalint.

Dit boek is gaadlik foar basisskoallebern fan alle leeftiden. It boek is twatalich: it is skreaun yn it Nederlânsk en it Frysk en op rym. Foar de beukers is it moai om út foar te lêzen en as de bern sels lêze kinne is dit in gaadlik boekje om mei te begjinnen (ûngefear groep 4). It boek is koart en oan de ein fan it boek steane alle keatstermen útlein. Dêrom soe it goed brûkt wurde kinne yn it ûnderwiis om it Fryske keatsen út te lizzen.

Dêrneist is it gaadlik om’t de Nederlânske oersetting der ek by stiet. Dat makket dat net-Frysktalige bern it makliker lêze kinne yn ’e klasse. Op dy manier kinne alle bern yn ’e klasse op in boartlike manier yn de kunde komme mei de Fryske kultuer en mear wurdearring krije foar de Fryske taal.

It is in moai berneboek: Sipke is in foarbyld, want hy lit sjen dat de trochsetter úteinlik altyd wint en dat inoar oanmoedigje belangryk wêze kin om wat te berikken. Der binne al trije oare meartalige Sipke-boekjes skreaun dy’t ek oer typysk Fryske ûnderwerpen geane. Twa dêrfan steane ek op de foto. Grappige koarte boekjes om foar te lêzen en sels te lêzen en wis gaadlik foar it ûnderwiis om koart in ûnderwerp te yntrodusearjen.

 

Annika van der Zee út Bûtenpost, studinte Akademyske Pabû

 

‘Sipke op it keatsfjild’ is foar € 8,99 hjir online te bestellen.

-> Annika is lid fan it Afûk-boekpanel. Wolsto dy ek oanmelde, boeken tastjoerd krije en dêr wat oer skriuwe? Sjoch dan hjir foar mear ynformaasje.

 

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!