heit&mem

De resinsje fan Pytrik: Bisten op ‘e pleats

Dieuwke van der Meer 10 mei 2021

Doe’t ik it boek ‘Bisten op ’e pleats’ foar it earst seach, wist ik net oft dat wol wat foar my en ús famke wie. De glinsters binne fel en wy hawwe hjir meastentiids boeken mei tekeningen yn stee fan foto’s sa as dit boek hat.

Dochs moat ik sizze dat ik it fout hie, wat in machtich boek mei ferskate mooglikheden en wizen fan foarlêzen.

It boek leart bern alderhande bisten werkennen, en it ferskil tusken it jonge en it folwoeksen bist. It boek leart bern hoe’t it bist fielt troch de ferskillende struktueren en stoffen, dêrneist leare bern de begjinsels fan it tellen troch de nûmers 1-2-3 by de pykjes, mar ek de lûden fan de bisten steane beskreaun. It moaie is dat it boek noflik ôfslút mei de ideale wurden ‘Skjin oanein! Lekker koese’. Dêrmei is dit boek passend om foar te lêzen foar it nei bêd gean.

‘Bisten op ’e pleats’ is in boek dat net te grut is en net tefolle bledsiden hat. In ideaal boek foar de jongere bern. Us famke is no in dikke 4 moanne en fynt dit boek in pracht.

Dat komt troch de kontrasten, de glitter en dat it boek koart is, dat kin har spanningsbôge krekt hawwe. Ik fyn it sels noflik dat it boek gjin hurde en puntige hoeken hat, mar just sêft en rûn is.

As it moat kin op it boek biten wurde, dat komt troch it sêfte kaft. Ja, dit boek is goed foar it ûntwikkeljen fan hiel wat sintugen. Dêrneist binne de bledsiden dik, bern kinne helpe mei it omslaan derfan.

Oer de leeftiid sprutsen… in protte âlders tinke dat bern op jonge leeftiid noch neat hawwe oan foarlêzen. Mar dat is echt net wier. Lês oars ris dit artikel dêroer.

‘Bisten op ’e pleats’ is in boekje dat ideaal jûn wurde kin as kreamkado. It kin koronaproof jûn wurde, want dit boek kin troch de brievebus. Dêrneist is it in boek dat de ynteraksje stimulearret en alderhande sintugen prikelet. In boek dat útnûget om bern faker foar te lêzen en in leechdrompelich boek om mei it foarlêzen te begjinnen.

Pytrik de Groot, Dronryp – Mem en Dosinte Biology op it RSG te Snits.

 

‘Bisten op ’e pleats’ is foar € 7,50 hjir online te bestellen.

-> Pytrik is lid fan it Afûk-boekpanel. Wolsto dy ek oanmelde, boeken tastjoerd krije en dêr wat oer skriuwe? Sjoch dan hjir foar mear ynformaasje.

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!