heit&mem

10 tips om te dwaan mei de pake- en beppesizzer

x 3 april 2021

1. Jas oan, learzen oan en de natuer yn. Lit de bern lekker útraze yn de bosk of by de mar. Boartsje mei tûken, oer avontuerepaadsjes rinne, ferstopje en beppe en pake skrikke litte. En dêrnei … jouwe se harren fêst hiel rêstich del.

2. Gean tegearre op ûntdekking op de souder fan pake en beppe, wat lizze dêr noch foar skatten? Ferklaaiersklean, boartersguod fan heit of mem, boeken en fêst noch folle mear. Nim it moaiste guod mei nei ûnderen en boartsje mar.

3. Bakke! Koekjes, cakejes of in taart, beppe en pake hawwe fêst in eigen spesjaliteit, har eigen famyljeresept dat fansels oerdroegen wurde moat. En sis no sels, wat is der no lekkerder as ûnderwilens sline fan it beslach en snoepe fan it lekkers.

4. Klusjes dwaan yn en om ’e hûs. Beppe helpe mei it itensieden of skjinmeitsjen, pake helpe mei de klusjes om ’e hûs hinne, bern helpe graach, foaral as it net moat. En net ferjitte om ûnderwilens gesellich by te praten.

5. Fotoboeken besjen. Doe’t pake en beppe nei skoalle gienen wie dat hiel oars as no, ek it doarp of de buert seach der oars út. Pak de fotoboeken derby en fertel oer hoe’t it eartiids wie en freegje nei hoe’t it hjoed-de-dei by de bern giet.

6. Nifelje is foar alle leeftiden moai om te dwaan, brûk dêrfoar bygelyks de knopepot, de âlde lapkes of de ynhâld fan de krantebak. Gjin ynspiraasje? Sjoch ris op Pinterest foar de moaiste knutselideeën.

7. In spultsje dwaan mei pake en beppe, watfoar spultsjes ha pake en beppe yn de kast? Memory, Monopoly, ganzenbord of in sjoelbak, sykje mei-inoar in spultsje út. Wa wint?

8. Pak in boek, beppe hat fêst noch wol wat moaie foarlêsboeken yn de kast stean. Pak in boek, in bakje tee en wat lekkers en krûp tegearre op de bank. Beppe of pake hat fêst alle tiid om foar te lêzen.

9. Hutten bouwe. By min waar yn de keamer, by moai waar bûten. Brûk wat der foarhannen is, sa as lekkens, waskrek, tafel, planken, kessens ensfh. En as de hut klear is? Dan is it tiid foar wat drinken en lekkers yn de hut fansels.

10.   Bouwe mei duplo, lego, blokken, wat der mar is. Wa makket de heechste toer? En wa de moaiste autogaraazje of it leukste poppehûs?

 

Tekst: Douwkje Douma
Ut: pake&beppe 2021

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!