heit&mem

Stikelbarchje Prikkeprik: resinsje fan Aukje-Tjitske

Dieuwke van der Meer 18 maart 2021

Stikelbarchje Prikkeprik is in prachtich kartonboekje mei fersen en tekeningen foar jonge bern. Wat daliks opfalt, binne de realistyske tekeningen. Ek al ha ik as folwoeksene al aardich wat sjoen, by dizze tekeningen tink ik daliks: wau, wat in moaie bisten!

De opset fan it boek is like moai as ienfâldich: hieltyd op de iene bledside in fers en op de oare in plaat. Der binne fansels mear boeken mei sa’n opset, mar dizze útjefte blinkt wat my oangiet benammen út troch it fleurige ritme yn ’e fersen en, lykas hjirboppe al skreaun, de skitterjende tekeningen. Ek moai fyn ik dat yn dit boekje oare bisten foarkomme as it standert rideltsje foar jonge bern. Net hûn, kat, ko en hynder, mar iikhoarntsje, stikelbaarch, flinter en ingeltsje.

Elk gedicht begjint mei ‘Hoi’ en dan de namme fan it bist, en einiget mei in fariaasje op ‘kom mar by my’. Dy fêste struktuer en ek it dúdlike ritme sille jonge bern wol oansprekke, tink ik. It binne leave gedichtsjes mei sinnen lykas ‘giesto nei dyn holtsje moai lyts stikelboltsje?’ en ek mei rake typearringen, lykas ‘snotteglêd en simmerbrún’ as it oer in slak giet. Dat lêste fyn ik in moaie dichterlike fynst.

Ho, no moat ik efkes ynbrekke, hear. Mei ik ek wat sizze? Ik bin Christine, ik bin hast 1,5 jier en wat ús mem seit, begryp ik allegear neat fan. Mei ik no einlings ris sizze wat ik fan dit boekje fyn? Lit my it ris besjen. Ja, it hat hiele moaie platen. Ik kin it iikhoarntsje aaie en it ingeltsje oanwize. En mei wat muoite kin ik ek de bledside omslaan. Knap fan my, hin? Bin benijd wa’t der no wer tefoarskyn komt!

Hee, dat is grappich, dit boekje is stevich. Je kinne it op ’e grûn smite. Leuk! Dan krij ik in reaksje fan ús mem. No ja sis, se pakt my it boekje ôf en begjint te praten. Sa net, hear! Ik pak it gewoan werom. Sjoch! No ha ik in dakje boppe myn holle. Pi…pi… ba! Sjogge jim my wol? Dus: net eamelje, gewoan keapje dit fantastyske boek! Ik ha myn sechje dien.

Aukje-Tjitske Dieleman-Hovinga en Christine Dieleman (1,5 jier)

 

‘Stikelbarchje Prikkeprik’ is foar € 9,95 hjir online te bestellen.

-> Aukje-Tjitske is lid fan it Afûk-boekpanel. Wolsto dy ek oanmelde, boeken tastjoerd krije en dêr wat oer skriuwe? Sjoch dan hjir foar mear ynformaasje.

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.