heit&mem

‘Fan binnenút, wa soarget foar in feilich libben’

x 16 maart 2021

Moandei 8 maart wie de earste ôflevering fan de twadde searje fan it programma ‘Fan binnenút, wa soarget foar in feilich libben’ te sjen op Omrop Fryslân. ‘Fan binnenút’ is in searje wêryn’t programmamakker Miranda Werkman minsken harren ferhaal dwaan lit en bewiist dat neat is sa as it fan de bûtenkant liket.

Yn de searje fan foarich jier sammele Miranda hiel ferskillende en persoanlike ferhalen fan GGZ-pasjinten, mar ek fan helpferlieners. Miranda liet de stim hearre fan de minsken dy’t te meitsjen krije mei de GGZ. It jaan fan dy stim wie ek te fernimmen yn de earste ôflevering fan de nije searje.

 

Feilichheid is net foar elkenien fanselssprekkend, der bestean no ienkear situaasjes yn de libbens fan minsken wêrby’t de feilichheid net garandearre is.

 

De nije searje hâldt him dwaande mei de feilichheid fan minsken. Feilichheid is net foar elkenien fanselssprekkend, der bestean no ienkear situaasjes yn de libbens fan minsken wêrby’t de feilichheid net garandearre is. Miranda jout yn dizze searje in oangripend byld fan it wurk fan de Jeugd- en Gezinsbescherming, Jeugdreclassering en Veilig Thuis Friesland.

De earste ôflevering sketst it portret fan Damaron. Hy hat it ‘foetaal alkohol syndroom’ en is al op jonge leeftiid út ’e hûs pleatst. It ferhaal fan de jonge rekket je, omdat hy en syn beskermers hiel iepen en earlik harren ferhaal fertelle. Der wurdt sjen litten dat Damaron gjin gelok hân hat mei syn situaasje, mar dat hy him der úteinlik by dellein hat en de help goed oannaam hat.

 

Wy soenen der eins wat faker by stilstean moatte dat wy feilich binne, en dat net samar foar leaf nimme moatte, sa as yn dizze nije searje te sjen is.

 

Yn de fierdere ôfleveringen lit Miranda neist de jeugdbeskermers, jeugdreklassearders en de bern dy’t ûnder tafersjoch stean ek Veilig Thuis Friesland oan it wurd. Se prate oer hoe’t je om help freegje kinne en hoe’tst in melding dwaan kinst.

De searje sketst in byld fan wat der bart as je situaasje net feilich is. Dat byld, dat opboud wurdt troch ferskillende minsken oan it wurd te litten, wekt úteinlik mear tadienens op as foaroardielen. Wy soenen der eins wat faker by stilstean moatte dat wy feilich binne, en dat net samar foar leaf nimme moatte, sa as yn dizze nije searje te sjen is.

‘Fan binnenút, wa soarget foar in feilich libben?’ is fan 8 maart ôf alle moandeis om 17.15 oere te sjen op Omrop Fryslân (werhelling elk healoere).

 

ôflevering 1 is hjir te sjen
ôflevering 2 is hjir te sjen

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!