heit&mem

Christianne docht it dapper allinnich

Christianne docht it dapper allinnich

x 16 maart 2021

Neidat har eks foar de nije leafde nei Seelân ferhuze, bringt Christianne (39) harren twa dochters allinnich grut. ‘It is wolris fermoeiend, mar ik fyn it net slim om it allinnich te dwaan.’

‘Twa jier lyn bin ik skieden fan de heit fan ús bern Lynn (7) en Fleur (4). Ik bleau allinnich achter, neidat hy fereale rekke op in oar. Trochdat myn eks fier fuort wennet, wie ko-âlderskip gjin opsje. De bern en hy sjogge inoar ien kear yn de trije, fjouwer wiken. Troch de ôfstân is it lestich foar de bern om in bân op te bouwen mei harren heit. Hy kin net foar in krûpke efkes nei se ta. De âlderjûnen komme ek, lykas de measte dingen, op my del. Mei leafde hear!

Fansels hie ik it oars foar eagen. As je foar bern kieze, kieze je derfoar om dat tegearre te dwaan. Mar byinoar bliuwe en net lokkich wêze, dat kin ek net de bedoeling wêze. Ik kin him net tsjinhâlde om syn gefoel te folgjen, al hie ik wol leaver hân dat hy yn ’e buert wenjen bleaun wie.

 

Dat it goed giet mei de bern is foar my it wichtichste.

 

Nettsjinsteande de situaasje binne wy goed útelkoar gien. Ik bin mei de bern fan Skarsterbrêge nei Dokkum gong, it plak dêr’t ik wei kom en dêr’t myn âlders noch altyd wenje. Dat hat in goede kar west.

Fleur wit net better as dat se mei my en Lynn allinnich wennet. Mar Lynn wit noch dat sy mei papa en mama en har suske ûnder ien dak libbe. Sy hat dêr emoasjes by, sy mist papa. It leafst sjocht sy ús wer tegearre. Gelokkich hawwe wy in goede bân, se fertrout my en wy prate sa faak as nedich is. Ek ha ik help fan maatskiplik wurk foar har oanfrege, ik wol net dat sy letter problemen kriget troch de skieding. Dat it goed giet mei de bern is foar my it wichtichste.  “Se strielje wol, út ’e eachjes wei”, seit ús mem. Dat docht my goed.’

 

Tekst: Tialda Hoogeveen
Fotograaf: Hippe Kiek fotografie
Ut: heit&mem nr. 2 2019

 

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!