heit&mem

In soad minsken hâlde fan de bern fan Grietje en Ellen

In soad minsken hâlde fan de bern fan Grietje en Ellen

x 11 maart 2021

Grietje (35) en Ellen (35) hawwe beide in bern fan deselde donorheit. Soan Bram (3) waard droegen troch mem Grietje. Mama Ellen hie harren dochter, lytse poppe Robin (0), njoggen moanne by har. Grietje: ‘Wy hawwe in keningskoppel út twa keizersneden!’

De winsk om mem te wurden wie der al jierren. Yn it begjin gongen de tinzen út nei swanger wurde fia in spermabank. Ellen: ‘Dat is relatief anoniem, wij dachten toen dat dat bij ons paste.’ Mar neffens dat sy it der mear oer hienen, krigen se dochs muoite mei just dat anonime stikje. ‘Ik heb met mijn beide ouders een goede band’, seit Ellen dêroer. ‘Als je weet wie je ouders zijn, dan ken je je geschiedenis.’ Mear en mear skoden de gedachten op nei swanger wurde fia in kunde. De twa hiene in freon yn gedachten, him soene sy it aventoer tabetrouwe. Ellen: ‘Wij hebben hem uitgenodigd voor een etentje. Hij merkte aan alles dat wij zenuwachtig waren. “Vraag het nou maar gewoon”, zei hij op een bepaald moment. Toen kwam het hoge woord eruit en antwoordde hij met een volmondig “ja!”.’ Mar dêrmei wie it net fuortendaliks klear. Grietje: ‘Bepraat it wol earst goed mei freonen en famylje, drukten wy him op it hert. Syn omjouwing stie achter it plan, mar se advisearren him alles goed fêst te lizzen. Sa kamen wy telâne by in notaris yn Volendam, ien dy’t spesjalisearre is yn dit soarte ôfwikende situaasjes.’

 

Eins hawwe wy him fan jongs ôf oan dúdlik makke wa’t syn heit is.

 

‘Bram praat thús wol oer de heiten fan de bern op it bernedeiferbliuw. Dat is foar ús in moai momint om yn te heakjen op it ûnderwerp. Eins hawwe wy him fan jongs ôf oan dúdlik makke wa’t syn heit is.’ Want hoewol net juridysk, de heit spilet al in rol yn it libben fan de bern. ‘Hy komt hjir noch altyd gewoan as freon. Syn âlders, de pake en beppe fan ús bern, binne ek gek op Bram en Robin. Op dizze manier hawwe ús bern noch mear minsken om harren hinne dy’t fan harren hâlde.’

 

Tekst: Tialda Hoogeveen
Fotograaf: Hippe Kiek fotografie
Ut: heit&mem nr. 2 2019  

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!