heit&mem

Skelte wol in skelter: resinsje fan Thea

x 19 juli 2023

Yn dit moaie boek fan Joke Scheffer, mei yllustraasjes fan Anna Sikkes, hat Skelte in wichtige fraach: ‘Mei ik in skelter?’

Hy begjint by syn heit en giet sa ferskillende minsken yn syn omjouwing bydel. Elkenien hat sa syn eigen reden om nee te sizzen en úteinlik hat Skelte noch gjin skelter… En dan krijt hy in briljant idee: pake! Fan pake mei altyd alles. Dat is herkenber foar de bern, pake seit hjir ek faak ja. Want pakes dogge dat no ienkear (beppes ek).

Sa komt it dat Skelte de skelter krijt. As dat mar goed giet. Hy raust der mar mâl op om, en belibbet fan alles.

In prachtich, moai yllustrearre boek. De platen binne kleurryk, realistysk en grappich. Sa is buorman Bouke tige wiis mei syn moaie auto, dus dy wurdt fansels wosken. Heit syn garaazje stiet grôtfol mei fan alles, ek foar de bern wer hiel herkenber.

De tekeningen fan Skelte sels hawwe ek in wichtich plak yn dit moaie boek krigen. Se binne realistysk foar de bern. ‘Sjuch mem, in raket’, seit Niels fan twa. Benthe herkent de lampe dy’t krekt as by har eigen pake nêst de stoel stiet. Skelte mei yn dit boek op de muorre tekenje, miskien in warskôging foar de âlders. Dat mei by ús net, haw ik de bern daliks útlein. Dy en oare details op de platen meitsje dit boek ta in moai kado foar in jierdei, of as Sinteklaas- of Sint Piter-presint. Yn elk gefal in leuke oanfolling foar de boekekast!
Troch de kleurige bûtenkant springt it boek moai yn it each en nûget it út ta lêzen.

De teksten binne koart en bûnich en folje de platen moai oan. Ik fyn dit boek geskikt foar bern fanôf 4 jier âld. Se kinne de yllustraasjes dan goed besjen, de tekst is goed te folgjen en it ferhaal slút oan by de belibbingswrâld fan de bern.

 Thea de Boer út Drachten

‘Skelte wol in skelter’ is foar € 13,50 hjir online te bestellen.

-> Elmatine is lid fan it Afûk-boekpanel. Wolsto dy ek oanmelde, boeken tastjoerd krije en dêr wat oer skriuwe? Sjoch dan hjir foar mear ynformaasje.

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!