heit&mem

Ferneamd: Tineke

Ferneamd: Tineke

Thea van der Schaaf 10 maart 2021

Namme: Tineke Brandsma
Berne op: 28 febrewaris 1964
Wennet yn: Garyp 

Namme beppesizzer: Tineke Veenje 
Berne op: 24 july 2016
Wennet yn: Garyp

Betsjutting Tineke: rein, suver

 

Net in tel hie se derby stilstien dat se ferneamd wurde soe. Eins stie Tineke Brandsma hielendal nergens mear by stil doe’t har dochter befallen wie en se opbelle waard. ‘Neat drong mear ta my troch. Fol ferwûndering hearde ik ús dochter Anna praten. Oer de befalling, oer dat ik beppe wurden wie. Ik wie der hielendal stil fan, sá bliid dat Anna en Rimco in sûn berntsje krigen hienen. “Wol mem ek witte wat it is?” frege Anna op in stuit. “En wol mem ek witte hoe’t se hyt?” Doe fertelde se it. It is net út te lizzen wat der dan troch je hinne giet. As mem is it al sa bysûnder dat je dochter in poppe kriget, dat se dan ek noch Tineke neamd wurdt, dat is geweldich.’

 

Ik ha hiele waarme herinneringen oan myn pakes en beppes, dêr moat ik noch altyd oan tinke by it hearren fan harren nammen.

 

Ferneamen is net hiel ûngewoan yn de famylje fan Tineke. Sels is se ferneamd nei beppe Trien. Har eigen bern binne ek ferneamd. Dochter Anna dus, dy hyt Anna Elisabeth en is ferneamd nei de beppes Anna en Annie (dy’t offisjeel ek Anna hyt) en in suster fan Tineke har man Auke. Nei Anna kaam dochter Karin Berthe, ferneamd nei Tineke har suster Karin en tante Bertha. ‘Sy hat mar oardel jier libbe, wat hie de twilling dy’t dêrnei kaam har graach kend lykas Anna en wy har kend ha…’ Dy twilling, dat binne de dochters Tia Jiltine en Cornelia Aukje, ek allebeide ferneamd en ék nochris berne op deselde dei as pake Jilt. ‘Ik bin hiel grutsk op de nammen dy’t wy ús bern jûn ha en op dat ik sels ek ferneamd bin. Ik ha hiele waarme herinneringen oan myn pakes en beppes, dêr moat ik noch altyd oan tinke by it hearren fan harren nammen.’

 

Anna hat der noait wat oer loslitten oft se wol of net ferneame soenen.

 

‘Tineke is ús earste pake- en beppesizzer. Hiel bysûnder en we genietsje der sa fan. Se is hast 4 en hat ûndertusken ek in bruorke krigen, dy hyt Jochum Auke en is ferneamd nei de pakes. Anna hat der noait wat oer loslitten oft se wol of net ferneame soenen. Tineke liket op har. Se is in hiel fleurich en sosjaal famke, stekt graach de hannen út ’e mouwen, wol by alles helpe en is in echte trochsetter. Se mei ek graach achter wêze. Yn ús tún hinget de skommel dêr’t ús bern eartiids ek op toutere ha, Tineke fynt dat ek prachtich. We ha net in fêste oppasdei, mar wy passe wol gauris op. Dan kin Tineke it samar betinke dat se útfanhûs bliuwt. Gesellich fine we dat.

Tineke is harsels der noch net sa fan bewust dat se nei my ferneamd is. Har mem Anna is ferneamd nei ús mem, en ik nim Tineke wolris mei op besite by myn âlders. “Sille we nei beppe Anna en pake Abe?” freegje ik dan. “Nee, net beppe Anna, mém hyt Anna”, seit se dan. Doe’t we dêr ris wienen, seach se it ris goed oan, oant se oan ús mem frege: “Bisto Anna?” It is moai om te sjen hoe’t bern ûntdekke wa’t se binne en wêr’t se weikomme.’

 

Tekst: Thea van der Schaaf
Fotograaf: Hippe Kiek fotografie
Ut: heit & mem nr. 1 2020  

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!