heit&mem

Skelte wol in skelter: resinsje fan Elmatine

x 20 juli 2023

‘Skelte wol in skelter’ is skreaun troch Joke Scheffer en yllustrearre troch Anna Sikkes. It is in prachtich boek om foar te lêzen oan lytse pjutten. It boek hat moaie printen en de tekst is koart, mar moai beskreaun. It ferhaal lit dy as foarlêzer like bot laitsje as dat dyn bern derom laitsje kin.

It boek giet oer in jonkjesfoks dy’t him ferfeelt en dan betinkt dat er graach in skelter ha wol. Elkenien dy’t er freget neamt in reden dat it net in goed idee is om in skelter te hawwen. Behalve pake, fan pake mei alles en dus kriget Skelte in skelter fan pake. En dan giet Skelte riden mei de skelter, sis mar gewoan sjezen. Hy is o sa bliid, mar sjeest de hiele buert op ’e kop.

De yllustraasjes noadigje dy út om se goed te besjen en der mei dyn bern oer te praten. De tekst is ûngefear twa rigels per plaat; ast dat wolst kinst it ferhaal maklik in bytsje útwreidzje. Op de detaillearre platen is genôch te sjen en der stean werkenbere dingen op, sa as in pyk yn in amer yn de garaazje of in rûpke op de blomkes yn de tún fan de buorfrou. Genôch te sjen, te beneamen en oan te wizen.

It Frysk is net by alle bledsiden like maklik om foar te lêzen, mar nei in pear kear foarlêzen slagget dathieltyd better.
Myn Nederlânsktalige man fynt dat allinnich net te dwaan, dat dy lêst it boek foar yn it Nederlânsk.

It boek wurdt hjir faak út de kast pakt om foar te lêzen, mar ek om sels de platen te bewûnderjen. It is in oanrieder, wat ús oanbelanget.

Elmatine, mem fan Ruben (1,5 jier) út Ljouwert

‘Skelte wol in skelter’ is foar € 13,50 hjir online te bestellen.

-> Elmatine is lid fan it Afûk-boekpanel. Wolsto dy ek oanmelde, boeken tastjoerd krije en dêr wat oer skriuwe? Sjoch dan hjir foar mear ynformaasje.

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!