heit&mem

‘It binne ek trije yndividuën’

‘It binne ek trije yndividuën’

Ciska Noordmans 9 maart 2021

Namme: Ymkje Hoekstra (35) út Terwispel. Ymkje is ûndernimmer en coach by MultiplYMe

Húshâlding bestiet út: Ymkje en har partner Bert Jan en de trijeling Diede, Max en Kars (3)

‘Nei seis wiken krigen wy ús earste echo nei in medysk trajekt yn it sikehús. We seagen fuort twa hertsjes “knipperjen” mar doe’t it der trije wiene, wie ’t al wat ûnwerklik. Bert Jan wie mei. Hy wie bliid, mar tocht ek: wat komt der op ús ôf? Al gau gong it de saaklike kant út en waarden wy trochferwiisd nei de gynekolooch. Want der kamen ynienen ek soargen by. Passe der wol trije yn ’e búk?

 

Alders mei ûnderfining helpe inoar dêr mei advizen, mar ek mei it ruiljen en ferkeapjen fan babyguod.

 

Wy binne fuort op ’e siik gongen nei ynformaasje en hawwe in soad stipe hân fan de mearlingesite op Facebook. Alders mei ûnderfining helpe inoar dêr mei advizen, mar ek mei it ruiljen en ferkeapjen fan babyguod. Wêr fynst ommers in widske of in buggy foar trije popkes tagelyk?

Moaie kanten
No’t de trije jonges âlder wurde, kinne se it goed mei-inoar fine. Se fermeitsje har prima en dus ha ik myn hannen ek wer wat mear frij. De bern begripe inoar, se hawwe grapkes dy’t wy net snappe en kommunisearje maklik mei-inoar en ek mei oaren. By de opfang hâlde se inoar altyd yn ’t each.
Wat ússels oanbelanget hat de komst fan de trije ús as man en frou sterker makke. We binne in hecht team!

 

We dogge in protte mei syn allen omdat soks praktysk is, mar wy wolle graach wat mear yndividuele oandacht jaan.

 

Unhandige kanten
Wat silsto it drok hawwe, hear ik faak. Dat is fansels wol sa, mar ús struggle leit net op struktuer en ritme. We dogge in protte mei syn allen omdat soks praktysk is, mar wy wolle graach wat mear yndividuele oandacht jaan. Om dat goed te organisearjen is it noch even sykjen.

 

Tekst: Ciska Noordmans 
Fotograaf: Hippe Kiek fotografie
Ut: heit & mem nr. 1 2020

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!