heit&mem

Jonge bisten: resinsje fan Thominde

x 8 maart 2021

Thús lêze wy in soad boekjes en dan sawol yn it Frysk as yn it Nederlânsk. We lêze oerdei, mar we lêze ek altyd foar it sliepen gean. Vesper mei dan sels in boekje útsykje út ’e kast en faak is it dan wat mei bisten, want Vesper is gek op bisten. Har opa en oma hawwe twa hûnen, har pake en beppe hawwe fûgels en har tante ek in hûn. Dus bisten genôch yn ús omjouwing.

Dit boekje paste dêrom ek perfekt by ús. It kaam al as in kadootsje binnen en Vesper wie daliks entûsjast en liet it boekje ek oan har krekt berne broerke sjen. Dy soe en moast it ferhaaltsje ek hearre. Se fertelde him earst hokker bisten deryn stienen. Dêrnei telden we alle bisten (al wienen der sa no en dan mear bisten by kommen en ferdwûnen der ek wolris wat bisten), en alle kenmerken koe se beneame. 

De pinguins wiene favoryt en dan benammen de beweging neidwaan. Mar ek it poeske mei har boltsje wol en de hûntsjes mei de gekke earen. De pykjes waarden allegear oanwiisd. Je kinne in soad mei dit boekje. Fan de ferhaaltsjes foarlêze oant ynteraktyf foarlêze troch it ferhaal oan te gean. Hoefolle bisten telsto? Watfoar bist is it moaiste? Kinne wy ek sa’n bist hjir hawwe?

Nei in pear kear it boekje lêzen te hawwen, begûn se my foar te lêzen. Vesper fynt it beneamen leuker as it lústerjen nei it ferhaaltsje. Mar ik merk wol dat se it meikrijt, want se lêst dêrnei har broerke foar en ik hear dan de tekst dy’t ik krekt foarlêzen haw.

Vesper wurdt twatalich grutbrocht en mem is fan de Fryske boekjes, mar ek mei heit koe se it lêze. It ferhaaltsje die mem dan en heit beneamde de kenmerken derby. Wy wienen bliid mei dit boekje.

Thominde Miedema

 

‘Jonge bisten’ is foar € 9,95 hjir online te bestellen.

-> Irene is lid fan it Afûk-boekpanel. Wolsto dy ek oanmelde, boeken tastjoerd krije en dêr wat oer skriuwe? Sjoch dan hjir foar mear ynformaasje.

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.