heit&mem

Lang en gelokkich (kollum troch Sjoukje de Boer)

Lang en gelokkich (kollum troch Sjoukje de Boer)

x 8 maart 2021

As famke fan fiif hie ik in poppe. Hannelore. Ik wie har mem. De heit wie Kees. Myn beste freon yn de kleuterklas. Ik wie swanger fan de twadde. Sabeare dan. Peter Pan wie in jonge en waard berne achter op de skelter yn de strjitte dêr’t ik opgroeid bin. Hy wie der yn trije tellen tiid. Sûnder weeën ek. Hy glide sa ûnder myn shirt wei. We libben noch lang en gelokkich.

Ik hie it as famke al yn ’e holle. Mem wurde. Al sa lang hie ik dy winsk. Ik kin my net betinke dat it foar my oait oars west hat. In byld dat ik ôfseach by oaren. Yn in hûs mei in tún, in heit en in mem. Letter miskien noch wat broerkes en suskes. In byld dêr’t ik mei opgroeid bin en wêrfan’t ik tocht dat dat it paad wurde soe.

Ik waard âlder, gong nei Ljouwert te wenjen. Ik waard fereale. Hie relaasjes. Mar it kaam noait op dat punt fan in hûs mei in tún, in heit en in mem. Lit stean broerkes en suskes.

De tiid ferstriek en ik waard tritich. Wat foarhinne logysk like, wie no in wankele kwestje oan it wurden. En ek al sei ik tsjin mysels dat ik noch alle tiid hie, dochs fielde it oars. En dan wie der ek noch de fraach. De fraach dy’t steld waard op jierdeis, of op it wurk yn de lunchpauze. Samar yn in kring fan kunde of oan in tafel fol kollega’s, sljochtwei, oft ik ek in bernewinsk hie? Op deselde toan as de fraach wêr’t ik hinne gong op fakânsje. Krekt of wie it te keap en kocht ik dat wannear’t it my mar útkaam.

‘Dan doch ik it allinne’, sei ik tsjin mysels as de gedachte oan bern wer begûn te knaagjen. It bêde it ferlangen del. Mar it makke ek somber. Want mei dy gedachte joech ik myn earder betochte takomst op. Ik tocht dan wolris oan Kees op syn blauwe skelter. Ik socht him op op Facebook. Hy wie heit wurden, makke ik op út de felisitaasjes. Ik seach foto’s fan in hûs mei in tún. In heit en in mem.

Kees hie my achterlitten op de skelter yn de strjitte dêr’t wy opgroeid binne. Hy wie fierder gien. Libbe noch lang en gelokkich, soene wy earder sein ha.

Ik waard ienentritich jier. Ik fûn it moai west. Stelde myn byld by. In hûs, in tún, in mem en in donor.

Op fjouwerentweintich maart bin ik mem wurden. It wie krekt nei middernacht yn ferloskeamer nûmer seis. Dêr op dat bed waard ik de mem fan Teije. Nei twaentweintich lange oeren wie dêr einliks myn soan.

Gjin skelter, gjin Kees, gjin Peter Pan. It paad rint oars as dat ik tocht hie. Mar wy libje noch lang en gelokkich, seit dat famke fan fiif yn de strjitte dêr’t ik opgroeid bin.

Sjoukje de Boer (1987) dosint, teätermakster, skriuwster, sjongeres en mem fan Teije (2019) 

Lês hjir alle kollums fan Sjoukje.

Ut: heit & mem nr. 1 2020  

 

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!