heit&mem

Jou my de romte: resinsje fan Jolanda

x 19 april 2021

It boek giet oer Anno. Syn libben mei syn heit, mem en sus Lieke is goed. Gjin útsjitters. Oant hy mei it fuotbaljen neffens ien fan de spilers in ferkearde beslissing, aksje, makket. Hy wurdt dêrnei troch Mennolt, in lieder yn de klasse en yn it team, en de rest pest en negeard. Anno besiket dêr ferstannich mei om te gean, besiket gjin oandacht oan de pesterijen te jaan, mar as it hieltyd slimmer wurdt, ferfalt er ta in domme aksje.

Lokkich giet it slachtoffer mei syn famylje dêr goed mei om en sa kriget Anno in ‘partner yn pesterijen-crime’. Iris, dy’t ek pest wurdt, slút har ek by harren groepke oan. Mei syn trijen beslute se om in jonge, Kevin (dy’t earst ‘in pester’ wie, mar no ek pest wurdt) der ek noch by te belûken. Meielkoar skodzje se troch in ‘geweldleaze aksje’ de master en de klasse wekker en reitsje se mei elkoar yn petear. Skitterend.. of toch net?

 

It moaie fan it boek fyn ik dat Anno en syn lotgenoaten begrip ha foar de pesters en bern dy’t pest wurde. Dat is in goeie basis. Begrip hawwe foar elkoar. It klinkt no miskien as in belearend boek, mar dat is it beslist net.

It lêst lekker, de sfear komt goed oer, ik libbe hielendal mei. Der sitte soms wat ‘frjemde sprongen’ yn, mar dy meitsje ik sels ek, dus ik koe it ferhaal goed folgje.

De yllustraasjes fyn ik tapaslik. De kleuren fan de bûtenkant fan it boek sprekke my bot oan. It liket wol wat driigjend, mar hat ek ljochte kleuren, fan hoop.

Yn it boek steane ek lytse plaatsjes. Earst tocht ik dat dat de haadstikken (mei nammen lykas) ‘Hoe’t it mis gie’ en ‘Hoe’t it ferkeard gie’ symbolisearre, mar no wit ik wêr’t it noch mear foar stiet 😉 Op de grutte(re) yllustraasjes ha ’k ûnder it lêzen eins gjin acht slein (teken dat ik hielendal yn it ferhaal siet!), mar no’t ik se achterôf besjoch fyn ik se moai, tapaslik.

 

In oanrieder! Nim de tiid en de romte om ‘Jou my de romte’ (foar) te lêzen!

Jolanda Bandsma

 

‘Jou my de romte!’ is foar € 9,95 hjir online te bestellen.

-> Jolanda is lid fan it Afûk-boekpanel. Wolsto dy ek oanmelde, boeken tastjoerd krije en dêr wat oer skriuwe? Sjoch dan hjir foar mear ynformaasje.

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!