heit&mem

Flitsende floggers: folgesto it noch?

Flitsende floggers: folgesto it noch?

Nynke van der Zee 3 maart 2021

Enzo Knol, Dylan Haegens en Nikkie Tutorials. Fleane by jim thús de nammen fan bekende floggers ek alle dagen oer de iterstafel? Flogger Levi Milan Prins (9) út Stiens is dêr hielendal sljocht op. Hy makket sûnt in jier syn eigen flochs. Fan gamen oant spannende challenges: Levi kin der gjin genôch fan krije.

‘Hallo dames en heren! Supertof dat jullie kijken naar een gloednieuwe aflevering op mijn kanaal. Ik ben Levi en ik ga vandaag een challenge doen.’ De flochs fan Levi begjinne krekt lykas dy fan syn grutte foarbylden Enzo Knol en Ronald. Yntusken hat dizze 9-jierrige Fryske flogger hast tweintich flochs op syn kanaal stean en binne der al mear as fjirtich folgers. ‘Van klasgenootjes tot familie, maar ook onbekenden volgen mij. Dat vind ik echt heel gaaf.’

Kavia’s en wc-papier
In kamera, in leuk idee en in handige heit: mear hat Levi net nedich om in nije floch te meitsjen. ‘Oh ja, en mijn broertje Julian’, laket er. Tegearre betinke de jonges gekke útdagingen, bygelyks yn de wiken dat se thús sieten fanwege it coronafirus. ‘Toen hebben we leuke challenges bedacht die kinderen thuis ook kunnen doen’, fertelt Levi entûsjast. ‘Een cavia-race bijvoorbeeld of ondersteboven wc-rollen stapelen. Dingen die je normaal niet zo vaak doet.’

 

Hy betinkt fan alles om te filmjen. Dochs komt lang net alles ek online te stean.

 

Oan ynspiraasje gjin gebrek by Levi. Hy betinkt fan alles om te filmjen. Dochs komt lang net alles ek online te stean. Tegearre mei syn heit Daniël beslút Levi hokker flochs wol en hokker net op YouTube set wurde. Daniël: ‘Levi mag bijvoorbeeld niet vloeken in zijn vlogs en ook niet doen alsof hij rookt of drinkt. Hij mag anderen niet beledigen of in de maling nemen. Dat zijn de regels die we samen hebben bedacht. En ik moet zeggen dat hij zich hier heel netjes aan houdt.’

Big Brother
Want dat der risiko’s sitte oan it floggen, dêr binne se harren by de famylje Prins wol fan bewust. ‘Levi wilde op z’n achtste al vloggen. We hebben het ongeveer een jaar kunnen tegenhouden’, fertelt mem Dieuwke. ‘Ik vond het zeker in het begin best wel spannend. Vandaar dat we deze regels hebben afgesproken. Ook mag Levi alleen zelf in beeld komen en soms met z’n broertje Julian. Dus geen buren, vriendjes of vriendinnetjes. Af en toe doet er een vriendje mee in een vlog, maar daarvoor vragen we van tevoren toestemming aan de ouders.’

Foardat in nije floch op YouTube komt, wurde de bylden earst knipt en plakt. Dat docht Levi syn heit Daniël, dy’t yntusken aardich betûft wurden is yn it ‘editen’ fan filmkes. ‘Hierdoor zie ik ook alles wat op Levi’s kanaal verschijnt’, jout er as foardiel. ‘Ik ben een soort van Big Brother: er verschijnt niets online zonder dat wij het als ouders hebben gezien. Dat is het grote gevaar van bijvoorbeeld TikTok en Snapchat, waar kinderen heel eenvoudig zelf hun filmpjes kunnen uploaden.’

 

Mensen kunnen ook heel stomme dingen over me zeggen. Dat wil ik liever niet.

 

Game-flogger
Boppedat sit der op YouTube in saneamd filter dat flochs fan bern automatysk yn de kategory ‘kindercontent’ set. Dat betsjut dat minsken dy’t it filmke fan Levi sjogge gjin reaksje achterlitte kinne. ‘Jammer’, fynt er sels. Mar hy snapt it wol. ‘Mensen kunnen ook heel stomme dingen over me zeggen. Dat wil ik liever niet.’

It meast grutsk is Levi op it filmke wêryn’t er syn bruorke Julian (5) skrikke lit. ‘Dat is heel vaak bekeken’, laket er. ‘En ik vind het heel leuk om game-vlogs te maken van games als Minecraft of EggWars. Dat zijn mijn favoriete games. Ik wil later heel graag game-vlogger worden, net zoals Ronald. Mijn droom is dat Ronald kijkt naar mijn vlogs en dat hij me vraagt om samen een vlog te maken. Dat zou heel gaaf zijn!’

 

Tips foar nije floggers
TikTok, YouTube of Snapchat: op alderhande socialmediakanalen kinne bern harren filmkes poste. Mar hoe giest dêr as heit en mem ferstannich mei om? Daniël en Levi jouwe dy fiif goeie flochtips!

1.       Hâld as heit en mem de regy. Soargje datsto altyd tagong hast ta it account fan dyn bern.

2.       Meitsje dúdlike ôfspraken oer wat wol en net mei yn in floch.

3.       Freegje oare heiten en memmen om tastimming as der freontsjes of freondintsjes yn de floch sitte.

4.       Hâld rekken mei copyright op bygelyks muzyk yn in floch.

5.       Set in account op ‘privé’ sadat allinnich freonen en famylje it sjen kinne.

Bekendste floggers by bern
1. StukTV
2. Enzo Knol
3. Meisje Djamila
4. Dylan Haegens
5. Kwebbelkop

 

Tekst: Nynke van der Zee 
Fotograaf: Hippe Kiek fotografie
Ut: heit & mem nr. 1 2020  

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!