heit&mem

De Grutte Griene Grizel: resinsje fan Annemarieke

x 2 maart 2021

By it opheljen fan de post út de brievebus komt it boek “De Grutte Griene Grizel” tefoarskyn, dêr’t Femke (1,5 jier) op reagearret mei: ‘Oaljefant’. Hielendal bliid gean wy direkt mei-inoar yn de stoel sitten om it boek te lêzen. Femke is benammen rjochte op it beneamen fan de bisten yn it boek.

Wylst wy it boek fierder lêze, komt Maaike (3,5) der ek by sitten om mei te harkjen. It boek is kwa konsintraasje goed te dwaan foar beide leeftiden, it boek hat dan ek grutte letters, wêrtroch’t it ferhaal goed te lêzen falt. Beide fine se de tekeningen fan de bisten yn it boek hiel moai. 

 

Maaike wol graach earst de foarige bledside noch efkes lêze en fertelt dat se ek wolris in meunster sjoen hat.

 

Femke slacht gau de bledside om, om te sjen hokfoar bist der no tefoarskyn komt. Maaike wol graach earst de foarige bledside noch efkes lêze en fertelt dat se ek wolris in meunster sjoen hat. Se fertelt dat meunsters aaklik binne, wêrop’t myn reaksje is dat alle bisten yn it boek ek hiel bang binne foar “de Grutte Griene Grizel”. It meunster dat Maaike sjoen hat siet ûnder har bêd, en it meunster fan it boek sit yn in hol, dat makket it ferhaal ferlykber. Wy lêze mei syn trijen rêstich fierder en komme by elke bledside in nij bist tsjin.

Jûns freget Maaike wa’t der no yn it grutte hol sit en hoe’t er derút sjocht. Dan lêze wy flechtich fierder en mei-inoar komme wy ta de ûntdekking dat it ferhaal in hiel grappich ein hat. Ik fertel Maaike en Femke dat it bist grapkes úthellet mei alle oare bisten. Maaike begjint hurd te laitsjen en mei-inoar laitsje wy om it ein, wêrby’t alle bisten yn it boek ferheard binne oer wa’t de “Grutte Griene Grizel” is. Wy hawwe dit boek yn in koarte tiid al meardere kearen lêzen, dus it boekje kin wol beneamd wurde as it favorite lêsboekje foar it sliepen gean. 

‘De Grutte Griene Grizel’ is foar € 14,99 hjir online te bestellen.

-> Annemarieke is lid fan it Afûk-boekpanel. Wolsto dy ek oanmelde, boeken tastjoerd krije en dêr wat oer skriuwe? Sjoch dan hjir foar mear ynformaasje.

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.