heit&mem

Sa prate wy thús: Haye en Marijke

Sa prate wy thús: Haye en Marijke

x 2 maart 2021

Haye Postma (56) en Marijke de Jong (50) wenje mei harren bern Jochem (14) en Berber (12) yn Reahûs. Marijke komt út Sint-Jabik en praat Biltsk mei de bern, Haye praat Frysk mei harren.

Hoewol’t Haye fan hûs út Frysk is, spilet it Biltsk in grutte rol yn syn libben. Doe’t hy sân wie, ferhuze er nei Froubuorren, of miskien moatte wy sizze: Froubuurt. ‘As je sa jong binne, pakke je in nije taal sa op. Thús bleau it Frysk, mar mei freonen prate ik Biltsk.’ Al sûnt 1989 spilet er gitaar en mandoline mei syn maten yn de Biltske band de Feetwarmers, bekend fan de song Rooie star: in oade oan de bildtstar. Doe’t hy dan ek noch de Biltske Marijke trof, bleau it Biltsk in wichtich plak yn syn libben ynnimmen. It kin dan ek net oars as dat harren bern grutbrocht wurde mei twa talen: ûnderling prate Haye en Marijke Biltsk, mei de bern prate se allebeide harren memmetaal. Dat betsjutte dat it Biltsk de dominante taal wie yn huize Postma-De Jong oant de bern nei skoalle giene, dêr’t Frysk en Nederlânsk sprutsen waard.

De beukerjuffer fan Reahûs rekke wat yn ’e war fan Jochem syn meartaligens. Sy fûn eins dat hy nei logopedy moast, ek omdat er wat binnenmûlsk prate. Marijke: ‘Mar doe’t sy ús praten hearde by in tsienminutepetear, begriep se ynienen wêrom’t er prate sa’t er prate.’

Haye: ‘Jochem praat no altyd Frysk, ek mei de bern op skoalle. Hoewol’t hy as bern wol altyd peard sei, yn stee fan it Fryske wurd hynder. Berber praat thús Biltsk, op skoalle Nederlânsk. Sy behearsket it Frysk wol, mar wegeret om it te praten. Ek as sy Fryske freondinnen hjir thús hat, prate dy Frysk mei ús en Nederlânsk mei Berber.’

 

Ik meitsje my wol soargen om it Biltsk, der wurdt hieltyd minder soarch foar droegen om dy taal te behâlden.

 

Marijke: ‘Ik meitsje my wol soargen om it Biltsk, der wurdt hieltyd minder soarch foar droegen om dy taal te behâlden. Ik draach dêrom graach myn stientsje by om it libjend te hâlden.’

Dat Haye en Marijke de bern de taal fan harren hert meijaan soene, hat altyd fanselssprekkend west. Sa waarden de bern foarlêzen yn it Frysk, Biltsk en ek yn it Nederlânsk. Jentsje syn pemper en de Tomke-boekjes bygelyks. Haye: ‘As wy kieze koene, keazen wy de Fryske fariant fan in boek.’ Marijke: ‘Wy fûnen it wichtich om harren dat mei te jaan. Je hoege net bang te wêzen dat se dêrtroch it Nederlânsk net goed leare of Nederlânsk mei in aksint prate.’

 

Ik skamme my dea foar myn aksint.

 

Sels wie Marijke as tiener wol bang om taalflaters te meitsjen. Op de middelbere skoalle yn Harns prate se allinnich mar Biltsk, Nederlânsk prate doarde se net. ‘Ik skamme my dea foar myn aksint.’ Pas letter besefte se dat it wol tafoel mei har aksint, en dat it eins net sa’n probleem wie. ‘Limboargers, dy hawwe pas in aksint!’

 

Tekst: Thialda Hoogeveen
Fotograaf: Hippe Kiek fotografie
Ut: heit & mem nr. 1 2020  

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!