heit&mem

Pipi-oersetter Martsje de Jong oer ‘Pippi Langkous’

x 26 februari 2021

‘Oan it begjin fan it ferhaal is Pippi Langkous acht jier. Mar dit jier wurdt se 75! 75 jier en noch altyd populêr. Dat komt om’t it hiele knappe ferhalen binne. Anargistysk. De humor dy’t deryn sit is universeel. It leuke fan Pippi is dat se rap fan tonge is en de gek hat mei folwoeksenen. De grutte minsken yn it ferhaal binne net te fertrouwen – útsein de mem fan Tommy en Annika dan. De skriuwster, Astrid Lindgren, fûn datst bern serieus nimme moatst. Dat se mear kinne as datst tinkst.’

 

De skriuwster, Astrid Lindgren, fûn datst bern serieus nimme moatst. Dat se mear kinne as datst tinkst.

 

‘Nei “Karlsson fan it dak” krigen wy it deroer dat Pippi no oan bar wie. Frij flot dêrnei krige ik in tillefoantsje: it moast mar wêze. Ik haw de nijste Sweedske edysje brûkt as boarne. Astrid Lindgren hat yn 1993 noch in kear nei de ferhalen sjoen en dingen feroare. Oarspronklik wie Pippi har heit bygelyks negerkening. Dat kin echt net mear en dêrom hat se dat oanpast. It Sweedsk leit trouwens folle tichter by it Frysk as by it Hollânsk. De sinsbou, de manier fan praten mei-inoar. Dizze Fryske Pippi is suver in lyts wâldpykje: ‘Moatsto ris hearre, bûke!’

‘Ik fyn de sêne geweldich wêryn’t Pippi sels in wurd betinkt: spûnk. Se giet dêrnei nei allegear winkels om te freegjen oft se ek in spûnk hawwe. Want ja, no hat se wol in wurd, mar gjin idee wat it is. Uteinlik fynt se yn har tún in lytse krobbe, dat wurdt har spûnk.’

‘Foar dizze Fryske Pippi mochten we de platen fan yllustrator Carl Hollander brûke. Dy binne echt prachtich. De tekeningen út de Sweedske boeken binne folle platter.
It moaist fyn ik dat Pippi in famke is mei sinnespruten en read hier. Froeger waarden sokke famkes pleage, no wol elk bern eins Pippi wêze!’

 

 

 

 

 

 

 

 

Ut: heit & mem nr. 2 2020  

‘Pippi Langkous’ is foar € 22,50 hjir online te bestellen.

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.