heit&mem

Ferneamd: Sipke

Ferneamd: Sipke

Thea van der Schaaf 17 februari 2021

Namme:          Sipke Bjinse Sangers
Berne op:        14 juny 1960
Wennet yn:     De Westereen

Namme:          Sipke Hietkamp
Berne op:        1 febrewaris 2018
Wennet yn:     Kollumersweach

Betsjutting Sipke: ‘oerwinning’

‘Pake dropke?’ Pake syn auto stiet noch mar krekt foar hûs of Sipke en syn broer Wiebren drave op him ôf. ‘Se witte dat ik dropkes yn de auto ha. It is altyd it earste wat se freegje’, seit pake Sipke.

 

Yn de famylje komme folle mear Sipkes foar, al wie it by pake Sipke eins net de bedoeling dat er sa hite soe.

 

Dat Sipke Sipke hyt, hat er miskien wol oan syn broer te tankjen, en oan syn oare pake, pake Wiebren. ‘Mar pake Wiebren is al begroeven’, seit Wiebren fuort. ‘Pake Wiebren wie siik doe’t we derachter kamen dat ik yn ferwachting wie’, leit mem Sita út. ‘We wienen der doe noch net oer út oft we ferneame woenen, mar syn siikwêzen sette ús oan it tinken. Pake Wiebren hat Wiebren net mear meimakke, it gie sa fluch mei him. Mar hy hat earder as alle oaren wol witten dat ik yn ferwachting wie, dat wie hiel bysûnder. Hy hat genoaten fan dat geheim.’ Wiebren waard koart foar de krystdagen berne. Sita: ‘Dat hat sa wêze moatten, hat myn skoanmem doe sein. “Gjin krystdagen sûnder Wiebren”.’

Doe’t Wiebren oardel jier wie, rekke Sita wer swanger. Dat waard in Sipke. Yn de famylje komme folle mear Sipkes foar, al wie it by pake Sipke eins net de bedoeling dat er sa hite soe.

‘Ik soe eins Bjinse hite’, fertelt er. ‘Mar dat fûn ús heit net sa’n moaie namme. Dus by it gemeentehûs hat er my Sipke neamd. Sipke Bjinse. Wat beppe dêrfan fûn, dat ha we noait witten. Dat is it grutte famyljegeheim’, seit er mei in knypeach.

 

De heldestatus soe goed passe, want de heldhaftichheid sit yn de famylje.

 

Pake Sipke: ‘Wat de betsjutting is fan Sipke witte we net. Fêst “heldhaftige krijger” of sa. Ast in namme opsikest, is it fansels noait in “onnozele domkop”, haha.’ De heldestatus soe goed passe, want de heldhaftichheid sit yn de famylje. Pake Sipke: ‘Us heit siet yn de oarloch yn it ferset. It ferset hat in grutte rol spile yn dizze omkriten, ûnder oaren mei it preparearjen en sinke litten fan skippen. It byld dat by Kollumerpomp stiet, is it plak dêr’t ús heit fochten hat.’

Pake Sipke fynt it moai om pake te wêzen. ‘Ik ha der no mear tiid foar as froeger mei ús eigen bern.’ Hy giet graach mei se nei it Feankleaster Bosk. ‘Dêr kinne we in hiele middei omrinne. Eintsjes en fiskjes bôle jaan, efkes by de herten del.’ En fansels by de Heremiet yn it boskhúske del. ‘Yn myn herinnering koe er froeger ek bewege, mar dat is no net mear sa.’ Sterke ferhalen smyt it wol op. Sita: ‘De jonges komme altyd entûsjast en fol aventoerlike ferhalen wer thús as se der mei pake Sipke en beppe Riekje op út west ha. En as wy dêr dan ris as gesin komme, witte se elke beam presys te finen.’

 

Tekst: Thea van der Schaaf
Fotograaf: Hippe Kiek fotografie
Ut: heit & mem nr. 2 2020  

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!

Fingerferskes fine bern prachtich en binne fan alle tiden. Kenst it ferske noch fan ‘Dit is pake, koart en dik?’ Hjir fynst de komplete tekst!

lês mear

Beppe Sjoukje is mei de beppesizzers by de slachter. De slachter seit: ‘Dag mevrouw’, wêrop’t Nikki seit: ‘Dat is niet mevrouw, dat is beppe!’