heit&mem

Heit Syb en mem Adriana

Heit Syb en mem Adriana

Thea van der Schaaf 15 februari 2021

‘Heit, ik fyn dy leaf. En ik fyn mem ek leaf. Ik fyn jimme allegear leaf.’ Jesse seit it alle dagen tsjin syn heit en mem. Syn sus Sinne wurdt altyd sjongend wekker. ‘It duorret gjin fiif minuten moarns, dan sjongt se al’, fertelt har heit Syb. ‘Dan pingelt se even wat op de piano, en komt se jubeljend de keuken yn. Dy sjongt álles.’

‘Ik song ek altyd. Ik song earder as dat ik prate. Dat wie by Sinne ek sa.’ Syb van der Ploeg wennet mei syn frou Adriana von Bannisseht en harren bern Sinne (6) en Jesse (4) yn it eardere skoalgebou fan Kûbaard. Se hawwe hiel wat ballen om yn de loft te hâlden, mei twa jonge bern, Syb as publyk persoan en tegearre in eigen teäter oan hûs. Hoe sjocht harren libben as heit en mem derút?

Wat se weromjouwe
‘Ik groei noch altyd yn myn rol as mem’, fertelt Adriana. ‘Ik wit wol dat ik it bin, mar it kin my noch alle dagen oerfalle. Omdat de bern my júst sa’n soad weromjouwe. Al by de earste sekonden dat Sinne op de wrâld wie fielde ik dat. By dy grutte kikers dy’t my oanseagen, tocht ik fuort: wow, hallo, wat komsto my fertellen. Mei Jesse hie ik itselde. De bern hawwe noch safolle mear wiisheid as dat ik sels opboud ha − of miskien wol kwytrekke bin − yn dy 36 jier fan myn bestean. Dy omgekeardheid fûn ik hiel dúdlik.’

 

De enerzjy dy’t in bern meibringt, fyn ik hiel yndrukwekkend

 

In hiel oar libben
Syb: ‘It liket wol of sjochst fuort in hiel universum ast in bern foar it earst yn de eagen sjochst. Dat se ergens weikomme dêr’t al safolle achter sit. De enerzjy dy’t in bern meibringt, fyn ik hiel yndrukwekkend.’ Op ’e nij heit wurde wie foar Syb hiel oars as mei de berte fan syn earste dochter Eva, 21 jier lyn. ‘De tiid wêryn’t Eva berne waard, gie folle flugger oan my foarby. Ik hie in hiel oar libben en sy waard oeral yn meisleept. Dat hat foar har ek net altyd leuk west. Ik wit wat dat oanbelanget safolle mear no’t ik âlder bin. En ik bin no mear thús, mei ús eigen teäter oan hûs.’

De coronatiid
Dat eigen teäter, dat makken se yn de coronatiid yn de eardere gymseal fan it skoalgebou dêr’t se yn wenje. Alle sneinen is dêr in muzyk- of teäterfoarstelling te sjen. Syb: ‘Yn dyselde coronatiid ha wy in grientetún oanlein en in beamhut boud mei de bern. We wienen alle dagen oan it timmerjen. In prachtige tiid, se ha net ien kear yn in skoalboek sjoen. Dat kin noch wol tweintich jier fyn ik. Adriana en ik ha der beide ek flink mei de pet nei goaid wat skoalle oangiet.’

Harren eigen jeugd
Adriana groeide op as iennichst bern fan in Fryske mem en in heit fan Yndonezyske komôf yn it doarpke Reduzum. ‘Myn jeugd is kleure troch sport en in skoaltiid wêryn’t ik net útblonk yn it learen, mar wol mei elkenien goed opsjitte koe. Der wie in soad struktuer yn ús libben, heit hie fêste wurktiden en mem wie der altyd foar my. Mei harren leafde sûnder betingsten bin ik hiel beskerme grutbrocht.’ Syb syn dagen yn De Westereen sieten fol mei aventoer. ‘Aaisykje, fûgeltsjes fange, sleatsjespringe, en op skoalle in spanningsbôge fan amper in oere. Dan dreamde ik alwer fan wat ik nei skoaltiid soe. Ik wie altyd oan it fantasearjen en dat doch ik noch. Myn âlders ha my altyd yn alles fertroud en gewurde litten. Allinne as it echt moast, dan stjoerden se in bytsje by. Oft dat altyd goed wie, betwifelje ik. Mar dêrtroch bin ik wol yn alles op mysels begûn te fertrouwen. Ik bin nergens bang foar en baarn oeral yn. Alles is mooglik as je je dreamen neijeie, en je bêst dêrfoar dogge.’

 

Dan mar net konsekwint wêze en regeltsjes folgje, as se mar fiele dat we in ferskriklik soad fan se hâlde

 

Wat se meikrije
Adriana: ‘Dat is ek watsto trochjoust oan de bern. Wy allebeide wol. We sizze net sa gau “nee” of “kin net”. Faak sizze je soks út eigenbelang, omdat je ergens gjin tiid foar ha of de holle der net nei stiet. Wy tinke faker “ja, wêrom eins net”.’ Syb: ‘Wat dat oanbelanget binne wy gjin tradisjonele opfoeders. Der kin in soad by ús. It alderbelangrykste is dat se leafde en fertrouwen krije. Dan mar net konsekwint wêze en regeltsjes folgje, as se mar fiele dat we in ferskriklik soad fan se hâlde.’

Jesse en Sinne
Syb: ‘Jesse is fan himsels in hiel leaf en sosjaal jonkje dat it foar elkenien goed dwaan wol. Dy sil noait ien kwea dwaan. In bysûnder jonkje dat it leafst altyd ticht by my is. Sinne is folle mear op harsels en kin ús wolris útdaagje. Se sjocht mei deselde ynteresse nei muzyk en sport as ik, mar nimt faak neat fan my oan. Dan wit se it better. “Sa moat it net heit”, en dan giet se wer sitten achter dy piano. Dan spilet se soms ferskes, dat is net te leauwen wat dêrút komt. Ek dat litte we gebeure. It binne mominten dêr’t we fan genietsje as heit en mem.’

 

Tekst: Thea van der Schaaf
Fotograaf: Hippe Kiek fotografie
Ut: heit & mem nr. 2 2020  

Wêrom’t Sinne Sinne hyt, en Jesse gjin Rein? Lês it hjir. Dêr fynst ek de gedichtsjes dy’t op de bertekaartsjes stienen dy’t Syb en Adriana ferstjoerden.

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!