heit&mem

De 10 soarten boartersguod dy’t bern ‘nedich’ hawwe

Dieuwke van der Meer 12 februari 2021

Al biedt de natuer bern mear as genôch om te boartsjen, bern wolle fansels ek graach yn ’e hûs boartersguod hawwe om mei te boartsjen en harren te ûntwikkeljen. Wolst graach wat minder boartersguod yn ’e hûs, mar wolst dyn bern ek net tekoart dwaan? Gean dan ris ûndersteand rychje nei. Ast it measte dêrfan yn ’e hûs hast, dan kin dyn bern him folop ûntwikkelje en hoechsto dy gjin soargen te meitsjen.

Ut ûndersyk docht bliken dat bern kreativer wurde at se net tefolle boartersguod ta harren beskikking hawwe. Ek binne se minder gau ôflaat. It is fansels net sa dat dyn bern alles fan ûndersteand rychje ha moat. Ek hoecht it allegear net nij te wêzen en hoecht dyn bern al hielendal net fan elk soart út it rychje in hiele protte te hawwen om lekker boartsje te kinnen.

1 . Blokken 

Bern meie graach dingen bouwe. Kinst se in hûs jaan, mar noch folle better is it om se in hûs bouwe te litten. Of in toer, in hynstestâl, in kastiel of wat se op dat stuit mar wolle. Dat kin mei moaie houten blokken, mar fansels ek mei bygelyks Duplo, Lego of Kapla. Der is foar alle leeftiden wol wat. Lit har fantasy it wurk dwaan! Hast wol wat om te bouwen yn ’e hûs , mar boartsje se dêr hast net mei? Help se dan ris op wei troch se in opdracht te jaan, wat foarbylden sjen te litten of meielkoar wat te bouwen.

2 . Nifelguod

Ast bern frij tekenje litst, sûnder opdracht of kommentaar, tekenje se ûnbewust wat harren dwaande hâldt. Dat lit se lekker tekenje, skilderje of nifelje. En dêrfoar hoechsto echt net in kast fol nifelguod te hawwen. At se in stik papier hawwe en wat om mei te kleurjen of te fervjen is dat genôch. Der sit in lytse Picasso yn elk bern.

3 . Doeken of ferklaaiersklean

It moaie fan (satinen) doeken is dat it fan alles wêze kin. Do kinst derûnder krûpe, it kin in jurk wêze, in cape of kinst der in tinte mei bouwe. Mar ek ferklaaiersklean prikkelje de fantasy[YS1]  fan in bern. Mei in oare pet op kinne se bygelyks ynienen in plysjeman wêze.

4 . Boeken
Foarlêzen is hiel goed foar de ûntwikkeling fan in bern. Mar it lêzen sels is wichtiger as it hawwen fan in soad boeken. En jonge bern fine it hearlik om boeken hieltyd mar wer op ’e nij te lêzen. Om dyn bern net fersûpe te litten yn tefolle boeken, kinst de boeken dy’t dyn bern ûntgroeid is wer trochjaan oan in oar bern, lid wurde fan de biblioteek of de boeken op de bernekeamer ôfwikselje.

5 . Popkes

Mei popkes, dat kinne ek bisten wêze, kinne bern harren eigen belibbingswrâld neiboartsje. De popkes of lytse bistkes kinne fansels ek Barbies of popkes fan Lego of Playmobil wêze. En nochris, it is echt net nedich om dêr in soad fan te hawwen!

6 . Wat mei tsjillen

Bern binne sljocht op alles wat ride kin. Oft it no in poppewein, trekker, trein of auto is, as der mar tsjillen ûnder sitte. Kies by foarkar wol deeglik boartersguod dat net oant yn detail útwurke is. Sa bliuwt der ek wat romte oer foar de fantasy fan it bern.

7 . In bal

Mei in bal kinst fan alles. It is it leukst om in wat lytsere en in wat gruttere bal yn ’e hûs te hawwen, sadatst der in hiel soad ferskillende spultsjes mei dwaan kinst. En it leuke is dat ballen geskikt binne foar alle leeftiden.

8 . Wat om te fielen

In soad bern fine it hearlik om de sintugen te brûken. Benammen it fielen mei de hannen oan bygelyks sân, boartersslym, stientsjes, wetter of klaai is altyd in sukses by bern. Se kinne dêr har fantasy yn kwyt (taartsjes bakke) mar ek de emoasjes. Sa kinne se bygelyks rêstich wurde fan it kneden fan sân, slym of klaai.

9 . Muzyk

Fan muzyk wurde wy bliid. Mar it kin ek in útlitklep wêze. In wize om te kommunisearjen. Bern fine it leuk at se wat ha om op te blazen, te slaan of nei te lústerjen. Okee, it is foar heit of mem net altyd fijn oan ’e earen, mar as it bern dêr no wille mei hat…

10 . Pop / Bear

Ek bern fine it fijn om te soargjen. As se in poppe of in bear ha om fan te hâlden, kin dat harren in feilich en fertroud gefoel jaan. Ek kinne se harren emoasjes spegelje op de pop of bear. Kies ek by de pop foar ien dy’t sa neutraal mooglik is, sadat it bern der sels foar kieze kin oft de pop fleurich of fertrietlik is.  

Miskien kinst foar dyn bern noch wat oan de list tafoegje, lykas spultsjes of puzels, wat om oan te hingjen of yn te klimmen. En miskien kin der wol wat fan it rychje ôf, om’t dyn bern dêr hielendal gjin behoefte oan hat. Elk bern is oars, dus sjoch goed nei wêr’t dyn bern ferlet fan hat.

 

Tekst: Dieuwke van der Meer 
Ut: heit & mem nr. 2 2020

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!

Tekenen bevordert de sociaal-emotionele ontwikkeling van kleuters.