heit&mem

Sa prate wy thús: Andrea en Feikje

Sa prate wy thús: Andrea en Feikje

Ciska Noordmans 11 februari 2021

Feikje Fokkema (33) en Andrea Pagani (39) wenje mei harren dochter Emma (1) yn It Hearrenfean. Feikje praat Frysk en Andrea praat Italiaansk mei Emma, mar ûnderinoar prate se Ingelsk.

It stel learde inoar kennen doe’t Andrea foar in promoasjeûndersyk oan de RUG ferbûn wie.
‘Hy hat my yn it Nederlânsk oansprutsen, mar we kamen der al gau achter dat as wy beide wat muoite diene, Ingelsk foar ús de bêste taal wie om mei-inoar te praten. Ik kin it Italiaansk folgje, mar werom prate is noch dreech. Andrea kin him ûnderwilens goed rêde yn it Nederlânsk’, fertelt Feikje.

 

We hebben er bewust voor gekozen om Emma zowel het Italiaans als ook het Fries mee te geven, in taal en cultuur, zodat we alle gevoelens en nuances kunnen verwoorden en doorgeven.

 

Mei de komst fan Emma hawwe se ek stilstien by wat se it berntsje meijaan woene. Andrea: ‘We spreken samen Engels, maar we voelden beiden de behoefte om iets meer van onszelf mee te geven. Ik heb een aantal boeken gelezen over meertalig opvoeden. We hebben er bewust voor gekozen om Emma zowel het Italiaans als ook het Fries mee te geven, in taal en cultuur, zodat we alle gevoelens en nuances kunnen verwoorden en doorgeven. Dat is voor ons als ouders, voor onze families en vrienden en straks ook voor Emma een heel fijn idee.’

Feikje: ‘In protte minsken ferwûnderje har oer de meartaligens yn ús húshâlding, want neist it Frysk en it Italiaansk groeit Emma fansels ek yn in Ingelske en Nederlânsktalige omjouwing op; by de opfang, op de telefyzje en straks op skoalle leart sy Nederlânsk. We sjogge in taal ekstra net as in probleem, mar as in rykdom.’

 

We zijn heel benieuwd of ze een voorkeurstaal ontwikkelt. Of zal ze alle talen omarmen?

 

Andrea: ‘We zijn heel benieuwd of ze een voorkeurstaal ontwikkelt. Of zal ze alle talen omarmen? Ik voel als vader de druk om genoeg Italiaans met haar te praten. 30 procent, las ik in een boek; dat lukt niet altijd, maar ik doe mijn best. Ik benoem zoveel mogelijk in het Italiaans en lees Italiaanse prentenboeken voor. Eigenlijk zou het fijn zijn als we in de omgeving nog wat meer Italiaanse kinderen in dezelfde leeftijd zouden treffen.’ Feikje docht har bêst om Emma it Frysk mei te jaan mei lytse ferskes en troch har foar te lêzen út Frysktalige boeken. Emma begjint al in bytsje te praten en brûkt sawol Frysk as Italiaansk; ‘cacca’ foar poep(ruft) en ‘papà’ foar heit, se seit ‘mem’ tsjin Feikje en beneamt de keuken en beppe. Andrea wol graach dat Emma letter ek de Italiaanske ‘spirit’ meikrijt. Hy hopet it relaxte fan de Italiaanske kultuer troch te jaan. Feikje is grutsk op de waarmte en it betrouwen by har yn ’e famylje en tusken de minsken op de Fryske doarpen. Beide âlders dogge harren bêst om Emma it moaiste fan beide kultueren mei te jaan.

 

Tekst: Ciska Noordmans 
Fotograaf: Hippe Kiek fotografie
Ut: heit & mem nr. 2 2020  

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!