heit&mem

Ik bliuw by dy: De resinsje fan Anke

x 9 februari 2021

Mei it boek ‘Ik bliuw by dy’ krûpe wy op ’e bank en begjinne wy te lêzen. In nij boek is foar Sybrich (3) en Meinte (1) in lyts aventoer! Wêr sil dit ferhaal oer gean? En wat stiet der op ’e plaatsjes? Op ’e foarkant sjogge se in bear en in iikhoarntsje. It boek komt iepen… it aventoer kin begjinne!

‘Ik bliuw by dy’ is in prachtich ferhaal, op rym, oer in grutte bear en in iikhoarntsje. Se binne elkoars beste freonen. Mar soms fielt bear foar iikhoarntsje wolris wat ‘in soad’. As iikhoarntsje tsjin bear seit dat hy efkes allinne wêze wol, is bear wol teloarsteld…

Iikhoarntsje genietet fan syn tiid allinnich. ‘Ik bin eigen baas, lekker frij en allinne. Ik kin gean en stean wêr’t ik wol. Wêr ek mar hinne…. Ik hoech neat te dielen, ik winskje wier net mear… behalve… ik mis bear!’

In boek oer freonskip, freonskip dy’t soms fielt as hast wat tefolle. Mar dêr’t de leafde by oerwint!

De yllustraasjes fan dit boek binne, yn al har ienfâld, prachtich. Meinte sjocht fan alles yn dit moaie boek. Drok meiwizend, troch gebearen en lûden makket hy dúdlik wat er allegearre sjocht. De bear, it iikhoarntsje, in boat, de taksy…

Hy belibbet it boek hielendal mei. Sybrich begrypt wat der bart tusken bear en iikhoarntsje. Bear is fierstente grut foar de boat! En tegearre op ’e wipwap… dat kin net goed gean. Bear is ommers folle swierder! As it iikhoarntsje op it lêst seit dat hy bear mist, seit Sybrich: ‘Dat is wol jammer, mem…’       

De yllustraasjes bringe de emoasjes fan bear en iikhoarntsje goed oer. As folwoeksene fiele je mei bear mei, dy’t alles sa goed bedoelt, en begripe je syn teloarstelling. En ek mei it lytse iikhoarntsje fiele je mei, foar wa’t de freonskip wat benearjend wurdt. Dy’t mei muoite syn grinzen oanjout, dan dochs syn freon mist en it dan wer goedmeitsje wol. It binne minsklike situaasjes, dêr’t wy ús allegear yn werkenne.

Gelokkich stapt iikhoarntsje yn ’e taksy en giet hy nei bear. Sybrich: ‘Iikhoarntsje wol wer freontsjes wêze!’ Bear wol earst net safolle fan him witte. Mar gelokkich hâldt iikhoarntsje fol en krûpt er boppe op bear om syn oandacht te fangen.

 

Leafde is alles. Want gelokkich: ‘Wy begjinne wer op ’e nij. Wy reparearje it gat. Wy meitsje wat stikken is, sa dogge wy dat.’

In moai boadskip dêr’t lytse en grutte bern mar ek folwoeksenen wat mei kinne.

‘Ik bliuw by dy, omdat ik fan dy hâld!’

Anke Dijkstra, mem fan Sybrich en Meinte út Ljouwert 

‘Ik bliuw by dy’ is foar € 14,99 hjir online te bestellen.

-> Anke is lid fan it Afûk-boekpanel. Wolsto dy ek oanmelde, boeken tastjoerd krije en dêr wat oer skriuwe? Sjoch dan hjir foar mear ynformaasje.

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!