heit&mem

De Lytse Gruffalo: De resinsje fan Klaske

x 8 februari 2021

De Lytse Gruffalo giet oer de Gruffalo en syn dochter, de lytse Gruffalo. Se sjogge der beide in bytsje meunstereftich út. De Lytse Gruffalo is hiel nijsgjirrich, foaral nei de Grutte Ferskriklike Mûs, dêr’t har heit altyd oer fertelt.

De Lytse Gruffalo mei net nei it grutte donkere bosk, want dêr wennet de Grutte Ferskriklike Mûs… Mar ja, alles wat net mei is fansels tige nijsgjirrich en dus kin de lytse Gruffalo it net litte om dochs op syk te gean. En dêr kinne myn jonges har wol yn fine fansels, dy binne krekt sa dryst en gek op alles wat net mei. Elk bern is wolris in bytsje ûndogensk.

 

Mar as je it yn dichtfoarm foarlêze, dan is it krekt as binne de bern sels yn it bosk.

 

It ferhaal is op rym skreaun en dat is fantastysk. Eins is it ien grut gedicht dat je lêze en foardrage. Trochdat it in echt printeboek is, ha je net drekt it idee dat it in gedicht is. Mar as je it yn dichtfoarm foarlêze, dan is it krekt as binne de bern sels yn it bosk. 

De earste kear fûn Sybren it sa spannend, dat hy achter mem har rêch krûpte. Mar de twadde kear en de kearen dêrnei binne se slop fan laitsjen wannear’t de oare bisten it ha oer gruffalotee en in gruffalokroket. ‘Dat kin toch net mem’, hahaha! Bauke sjocht fan alles yn de printen en siket alle bisten dy’t ferstoppe sitte. Yn de yllustraasjes sitte leuke grapkes, lykas in knuffel fan in tak dy’t ek oeral mei hinne giet.

Dizze skriuwer mei fan ús noch in hiel soad boeken op rym skriuwe. Wy binne fan! 

Klaske Faassen-Buma,
Mem fan Sybren (4), Bauke (2) en Hessel (1)

‘De Lytse Gruffalo’ is foar € 14,95 hjir online te bestellen.

-> Klaske is lid fan it Afûk-boekpanel. Wolsto dy ek oanmelde, boeken tastjoerd krije en dêr wat oer skriuwe? Sjoch dan hjir foar mear ynformaasje.

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!