Verliefdheid bij kinderen
It gefoel datst in enerzjybom opiten hast, en de hiele wrâld draait om dyn fantastyske flam. Do moatst wol laitsje want dyn leafste is sa grappich, sjarmant en cool! Kinst de eagen net fan dyn ôfhâlde en dochst alles om dat dúdlik te meitsjen. Dan bist wol echt ‘verliefd’, ferleafd of fereale. Makket net út. Kinst bergen fersette, allinne de gedachte oan har/him is genôch om fan te switten. Sa wurket it by grutten, mar hoe sit dat krekt mei bern?
Sijtske Deinum is ûnderwizeres op basisskoalle De Flambou yn Easterbierrum en hat har eigen ‘Onderwijspraktijk Mid-Fryslân’ yn Grou. Se fertelt oer har ûnderfinings mei bern dy’t ferleafd binne. Wat moatst dêr eins mei as heit en mem?
Wat heb jij een mooie jurk aan!
‘Kleuters binne écht ferleafd. In kleuter op skoalle sei tsjin my: “Ik voel Sonja in mijn hart”. Dan docht it hast sear, sa leaf fynsto de oar. Kleuters binne earlik en oprjocht en fine it hiel gesellich om by dy spesjale persoan te wêzen. Dat kin ien út de klasse wêze mar likegoed kin in kleuter “op juf” wêze. Se jouwe elkoar in hantsje, slaan de earms ominoar hinne en sûnder te ferblikken jouwe sy in komplimintsje wei: “Wat heb jij een mooie jurk aan!”
twa flammen tagelyk is noch gjin probleem
Trouwe mei Niels of mei Freek?
‘Mei groep trije en fjouwer wurdt dat alwer oars. As sy út de kleuterklas komme, binne it noch fan dy lytse pykjes, mar nei de hjerstfakânsje hast ynienen hiele oare bern. Sy uterje har net mear streekrjocht mar begjinne nei te tinken oer hoe’t it allegear wurket. “Ik kin noch net kieze oft ik no letter mei Niels of mei Freek trouwe sil”; twa flammen tagelyk is noch gjin probleem. Famkes falle as in blok foar jonges en vice versa. Se kieze meastentiids neffens it rolmodel fan thús.’
In kleur as reade piper
‘De bern út groep fiif en seis wurde har bewust fan de ynhâld fan “leaf” en “ferleafd”. Dan seist it net mear lûdop ast op de oar bist mar makkest it stikem dúdlik. Soms wurdt in freontsje ynskeakele om út te fiskjen oft sy dy wol sitten sjocht of joust har wat leuks, oft dat no in Webbie fan Super de Boer is of in moaie boster, dat makket net út. Komt meester der bygelyks achter, man, dan krijst in kleur as reade piper!’
Famkes binne bewust dwaande mei de wrâld om har hinne en sykje rolmodellen
Ferskil wurdt grutter
‘Yn groep sân en acht begjinne de hormoanen in serieuze rol te spyljen. Famkes klaaie har hieltyd mear konform de clips op tv en YouTube, sy eksperimintearje mei make-up en de deo’s gean mei yn ’e gymtas. Guon wurde ûngesteld, mar dêr wurdt net oer praat. Hat ien neillak of in taske dan kin dat it begjin fan in wiere raazje wurde. Famkes binne bewust dwaande mei de wrâld om har hinne en sykje rolmodellen. “Wat hat Femke oan en wat fyn ik dêr fan?” Social media wurde hot. Sy sitte op Snapchat, guon ha in mobyltsje en it liket dat hast elkenien in side op Instagram en Facebook hat, dy’t fansels regelmjittich uploaden wurdt mei de nijste filmkes en foto’s, meastentiids foar de bekende freonen fan skoalle, sport of fan de camping. Jonges dogge wol in bytsje mei yn dy “gekte”, mar binne folle mear dwaande mei kompetysje en boartsjen. Computergames en lekker fuotbalje op it skoalplein is “fét”. Famkes en jonges yn dy groepen fine inoar ek net sa cool mear.’
‘Foar heiten en memmen is it soms fertederjend, soms hilarysk om te sjen: de ferleafde dochter of soan is de spegel fan ússels. Fansels, yntroverte bern reagearje oars as ekstroverte, mar hoe’t thús praat wurdt oer de leafde makket wol ferskil. Ast dyn bern helpe wolst om syn of har gefoel te begripen en ûnder wurden te bringen, kinst dyn soan of dochter freegje wêrom’t hy/sy de oare sa leuk fynt, wat der ta docht en hoe’t it fielt. Besykje as heit en mem dúdlik te meitsjen dat ferleafd wêze hiel leuk is; neat om dy foar te skamjen. Ek al tinkst as mem en heit “wat moat dy moaie dochter fan my mei Mr. Brillemans of Kninetosk?” Of “sjochst dan net út wat húshâlding at dy komt!?”, it makket neat út. Yn ’e wet fan LOVE jildt: leaf leaver leafste. Wa kin him no net mear syn allerearste leafde foar de geast helje?’
Tekst: Sijtske Deinum

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan: