heit&mem

Ik bliuw by dy: De resinsje fan Berber

x 4 februari 2021

Bear en iikhoarntsje binne bêste freonen.
Se ûndernimme fan alles tegearre.
Mar… bear is wat ûnhandich…
Hy makket wolris wat stikken, hy docht soms wat te rûch.
Bear bedoelt it sa goed, mar iikhoarntsje is faak de dupe.

Op in dei hat iikhoarntsje der genôch fan.
Hy pakt syn tas en nimt in taksy.

Iikhoarntsje giet earne oars wenjen.
Yn in iglo, heech op ’e berch.

Dochs folget bear him noch altyd.
Se komme tegearre oan yn de iglo, mar dan seit iikhoarntsje:
‘Eh… eins, Bear…
Ik tink dat ik even allinne wêze wol.
Ast dat net slim fynst?
It wurdt my hjir wat te fol.’

Bear wit net wat er heart…
‘Echt…?
Witst it seker?
O.
Okee dan.’
En sa giet bear wer nei hûs.

Iikhoarntsje is earst tige ynnaam mei syn nije plakje.                                                    
Alles is netsjes en hy kin gean wêr’t er wol.

Mar dan…
Mist hy bear!

Fuortendaliks pakt er syn tas wer yn en giet bear efternei.
As hy wer thús is by bear, dan wol iikhoarntsje it graach goedmeitsje.
Bear moat der efkes oer neitinke, mar dan begjinne se wer opnij.
‘Wy repareare it gat.
Wy meitsje wat stikken is,
sa dogge wy dat.’

En dat dogge se, omdat se faninoar hâlde.
Se binne en bliuwe: BÊSTE FREONEN.

 

Miening

It is in prachtich moai boek op rym, dat skreaun is foar alle freonen en freonskippen.
Ik ha derfan geniete en Wyger ek.
De plaatsjes binne dúdlik en tige ta de ferbylding sprekkend.
Ik werkende my ek hiel goed yn de strekking fan it boek.
Soms kinne je efkes net mei elkoar, mar wis ek net sûnder elkoar.

Ik tink dat it ek in hiel moai boek wêze soe foar wat âldere bern om út te lizzen wat freonskip betsjut. Je meie best ris rûzje hawwe of efkes beide je eigen gong gean, as je it dêrnei mar útprate en goedmeitsje.

Want sis no sels: mei syn beiden op de wipwap is dochs folle aardiger as allinne 😛

Al mei al dus in skitterjend boek oer in tema dat altyd aktueel is en bliuwt. It is foar jong en âld en ik soe it elkenien oanriede!

Berber Braaksma, Feanwâlden.

 

 

‘ Ik bliuw by dy’ is foar € 14,99 hjir online te bestellen.

-> Berber is lid fan it Afûk-boekpanel. Wolsto dy ek oanmelde, boeken tastjoerd krije en dêr wat oer skriuwe? Sjoch dan hjir foar mear ynformaasje.

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!