heit&mem

Sa prate wy thús: Beer en Anna Marije

Sa prate wy thús: Beer en Anna Marije

Nynke van der Zee 4 februari 2021

Anna Marije Bloem wennet mei har man Beer en harren soantsje Jonah Beer Benjamin (8 moanne) yn Snits. Anna Marije praat fan hûs út Frysk. Beer is berne yn Amsterdam, mar praat sûnt Jonah der is Frysk as hat er nea oars dien.

 

As Anna Marije yn 2011 ferkearing kriget mei Beer Kleinepier wurdt Nederlânsk harren taal. ‘Beer komt út Amsterdam, mar is grut wurden yn Starum, dêr’t se Stavers prate. Doe’t ik thús fertelde dat wy ferkearing hienen, sei ús heit tsjin my: “Beer ferstiet it Frysk wol, dus do kinst no noch omskeakelje.” Beer siet nammentik by ús heit yn de klasse op it Bogerman yn Koudum. Us heit joech ûnder oaren it fak Frysk en joech my de leafde foar de Fryske taal mei.’

 

Troch mei Beer Nederlânsk te praten, koe ik dy taal ek in bytsje byhâlde.

 

Dochs kiest Anna Marije derfoar om it Nederlânsk te brûken as se by Beer is. ‘Ik fûn it eins wol handich. Mei myn famylje, freonen en kollega’s op it wurk prate ik ommers altyd al Frysk. Ik stie doe as dosinte Frysk foar de klasse en wurkje noch altyd as adviseur Frysk by Cedin. Troch mei Beer Nederlânsk te praten, koe ik dy taal ek in bytsje byhâlde. Mar doe’t Beer my in pear jier letter frege om mei him te trouwen, begûn ik dochs te twiveljen. Dan soe ik tenei dus altyd Nederlânsk prate thús. En as wy in gesintsje krije meie soenen, hoe moast dat dan? Want ik woe as mem wol Frysk tsjin myn bern prate.’

 

Ik kin my no net iens mear foarstelle dat ik ea Nederlânsk tsjin Beer praat ha.

 

Anna Marije draait de knop om nei it houliksoansyk en praat allinnich noch mar Frysk tsjin Beer. ‘Dat fielde yn it begjin al wat nuver, mar dat hat twa wiken duorre en doe wie it klear. Ik kin my no net iens mear foarstelle dat ik ea Nederlânsk tsjin Beer praat ha. As ik it no noch wolris foar de grap doch, dan laitsje wy ús slop. Dat fielt sa ûnnatuerlik! Uteinlik ha ik dus nei ús heit syn advys lústere. Doe’t Beer fjirtich jier waard, ha ús mem en ik him in Afûk-kursus op ‘e jierdei jûn. Dat kaam presys op it goede momint, want wy wienen krekt ús hûs oan it ferbouwen en hienen de hiele dei Fryske boufakkers oer de flier. Sadwaande koe Beer fuortendaliks moai oefenje.’

Doe’t soantsje Jonah yn febrewaris 2020 berne waard, hoegden Anna Marije en Beer net lang te twiveljen oer de taal. ‘Grutte Beer praat Frysk tsjin lytse Beer’, laket Anna Marije. ‘Krekt as iksels. Wy wenje yn Snits, dus it Nederlânsk krijt Jonah letter fansels wol mei. Mar it Frysk, dat is in taal om sunich op te wêzen. En ik? Ik bin bearegrutsk op myn mannen!’

 

Tekst: Nynke van der Zee
Foto: Hippekiek Fotografie
Ut: De Lytse heit&mem nr.8

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!