heit&mem

De lytse gruffalo: De resinsje fan Wytske

x 3 februari 2021

Op in kâlde winternacht giet de lytse gruffalo stikem op aventoer! As har heit sliept, slûpt sy fol moed út harren grot en giet se yn it bosk op syk nei de Grutte Ferskriklike Mûs…

De lytse gruffalo is in prachtich wintersk ferhaal. Doe’t ik it boek yn hannen kriich, wie ik daliks wei fan it omslach. De lytse gruffalo sit tegearre mei har heit op in beamstamme yn in besnijd bosk. De sulveren letters fan de titel springe derút en passe hielendal yn it gehiel. By it sjen nei dat waarme winterske plaatsje krigest daliks sin om it boek op in kâlde dei, neist de houtkachel, foar te lêzen.

 

De lytse gruffalo is it twadde printeboek dat oer de gruffalo giet. Yn it earste boek makke de lytse mûs de bisten yn it bosk bang mei syn ferhaal oer in eng meunster: ‘De gruffalo!’ Yn dit boek binne de rollen omdraaid. De gruffalo fertelt syn dochter oer in gefaarlike mûs, dy’t ergens yn it bosk libbet: ‘de Grutte Ferskriklike Mûs!’ Tsjin it advys fan har heit yn giet de lytse gruffalo nachts stikem op syk nei dy gefaarlike mûs. Yn it bosk sjocht sy ferskillende spoaren yn de snie. Watfoar bist hat dy spoaren makke? Is it miskien de Grutte Ferskriklike Mûs? Op har syktocht komt sy âlde bekenden tsjin: de slang, de ûle en de foks. Alle trije warskôgje se de lytse gruffalo foar de mûs, mar de lytse gruffalo is net benaud. At sy de hoop hast opjûn hat, komt se in hiele lytse mûs tsjin. Dy is net grut en ek net gemien. Koartom in lekker hapke foar de lytse gruffalo! Mar dy lytse mûs is tûk, hiel tûk… Mei in geweldich plan is hy de gruffalo ek dizze kear wer te slim ôf!

 

By it sjen nei dat waarme winterske plaatsje krigest daliks sin om it boek op in kâlde dei, neist de houtkachel, foar te lêzen.

 

 

It ferhaal is op rym skreaun en yn de tekst sit in protte herhelling fan ferhaalfragminten. Dat is foar bern poer geskikt. Dêrmei stimulearje je nammentlik de taalûntwikkeling en leare bern in protte nije wurden. Myn neefkes ha beide fol ferwûndering nei dit prachtige ferhaal lústere en genoaten fan de moaie platen. De lytse gruffalo is absolút in oanrieder en ekstra leuk yn de kâlde wintermoannen!

Wytske Jongbloed út Wytgaard,
Wurksum as logopedist binnen it spesjaal ûnderwiis

‘De lytse gruffalo’ is foar € 14,95 hjir online te bestellen.
-> Wytske is lid fan it Afûk-boekpanel. Wolsto dy ek oanmelde, boeken tastjoerd krije en dêr wat oer skriuwe? Sjoch dan hjir foar mear ynformaasje.

 

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!