heit&mem

Us húshâlding: Foar Renze Pieter is it alle dagen heitedei

Us húshâlding: Foar Renze Pieter is it alle dagen heitedei

Nynke van der Zee 3 februari 2021

De bern út skoalle helje, nei de judoles ta, húswurk meitsje en tuskentroch it húshâlden dwaan. Renze Pieter Veltman (38) draait syn hân der net foar om. Sûnt trije jier is hy thúsheit en soarget er dat alles yn ‘e húshâlding op roltsjes rint. ‘By ús is it alle dagen heitedei.’

Wa’t noch altyd tinkt dat allinnich froulju multitaske kinne, hat it mis. Renze Pieter kin nammentlik fan alles tagelyk. Sa ferbout er de âlde gymseal yn Ferwert ta smûk wenhûs foar de hiele famylje, lit er de hûnen út, hynsterydt er en soarget er der boppedat foar dat Jurre (8) en Janne (7) presys op tiid op skoalle of de sportklup binne. ‘Ik ha my noch gjin momint ferfele hoegd sûnt ik trije jier lyn opholden bin mei myn wurk’, laket er. ‘Ik ha presys ien kear op ’e bank lein, mar doe fielde ik my sa skuldich dat ik wer oan ’e slach gongen bin!’

 

Genietsje fan elkoar

Wylst syn frou Flora alle dagen nei it wurk ta giet − alteast foardat it coronafirus der wie − is Renze Pieter alle dagen thús. Dat befalt him poerbêst. ‘Doe’t myn baas trije jier lyn mei it bedriuw út Ferwert wei gong en ferhuze nei Ljouwert, bin ik net meigongen. Gjin gestress mear om de bern alle dagen nei de opfang te bringen en gefljoch om jûns op tiid thús te wêzen. Wy woenen mear genietsje fan ús gesin en fan elkoar. En dat is seker slagge.’

 

Wy woenen mear genietsje fan ús gesin en fan elkoar

 

Wie is toch die man…

De winsk om mear tiid foar elkoar te meitsjen, kaam net folslein út ’e loft fallen. ‘Us mem is al siik sûnt ik acht jier wie’, fertelt Renze Pieter. ‘Dat hat my wol oan it tinken setten. Ik wol net sa’n heit wêze dy’t allinnich yn it wykein tiid foar de bern hat, krekt as by dy SIRE-reklame: “Wie is toch die man die op zondag het vlees snijdt?” Ik wol der altyd foar harren wêze. Dizze leeftyd ha se mar ien kear, dus dat wol ik meimeitsje.’

Gjin herkânsing

Freonen seagen lykwols nuver op doe’t Renze Pieter trije jier lyn fertelde dat er thúsheit wurde woe. ‘Dochs soe ik it al myn freonen oanriede. It is hearlik. Fansels moat it finansjeel ek kinne om op te hâlden, mar ik ried elkenien oan om yn elk gefal ien “papadag” te nimmen. Kinst dyn bern mar ien kear opgroeien sjen. Krijst gjin herkânsing.’

In heit mei make-up

In potsje wrakselje mei syn soan Jurre of in frouljusmiddei mei syn dochter Janne: Renze Pieter fynt it geweldich. ‘Lêstendeis ha Janne en ik ús opmakke. Ik krige neillak en make-up op en hie in spjeldsje yn myn hier. Ach, dy make-up is der ek sa wer ôf, al bleau de neillak wol wat langer sitten, foaral op de teannen’, laket er.

Pake en beppe yn ’e hûs

Sûnt koart wenje ek Renze Pieter syn heit en mem by de famylje Veltman yn. ‘Sy hawwe harren eigen part fan de gymseal, dêr’t se harsels hielendal rêde kinne. Mar as se al ris help nedich ha, dan binne wy tichtby. Dat fielt foar ús allegear goed. En Jurre en Janne fine it prachtich dat pake en beppe sa tichtby wenje. Se rinne dêr geregeld hinne foar de selsbakte bôle fan beppe.’

 

Tekst: Nynke van der Zee 
Foto’s: Hippe Kiek fotografie
Ut: heit & mem nr. 2 2020  

Boeketip: It grutte famyljeboek

 

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!