heit&mem

By elke sykplaat in lyts ferhaaltsje yn Myn grutte syk- en ûntdekboek troch Klaske

x 25 januari 2021

Wat leuk, de post hat in pakje foar ús. It is in boek. Mem, kij, kij! Bauke fan 2 is tige entûsjast as we it boek iepenslaan en in prachtige tekening sjogge mei trekkers, in molkwein, hûntsjes, bargen en kij. Dat kin ek net oars as je op in pleats grutbrocht wurde.

Yn ‘Myn grutte syk- en ûntdekboek’ stean moaie plaatsjes oer fan alles wat rydt, fart en fljocht. In grutte yllustraasje, ferdield oer twa siden, fertelt it ferhaal oer in dei yn ’e stêd, op in pleats, op in bouplak, op in fleanfjild en noch folle mear. Sybren fan 4 fynt de masines op it bouplak fan it nije hûs fan de famylje Boersma tige nijsgjirrich. Hy beneamt alles: de rupskraan, de betonpomp, de hyskraan… By elke sykplaat stiet in lyts ferhaaltsje oer wat je sjogge en wat der bart.

Under it ferhaaltsje stean plaatsjes fan dingen dy’t ergens op de sykplaat te sjen binne. Mar dat is leuk! Sybren kin de boufakkers hiel gau fine. Mar as Bauke de poeskes op de buorkerij sykje mei, wiist Sybren se gau as earste oan. Flau hear. Hoe langer as we nei in plaat sjogge, hoe mear as we sjogge. By de brânwachtkazerne sykje we nei de brânwachtstange en sjogge we de grutte brânwachtauto’s. Alle kearen sjogge we wer wat nijs. En as we de plaat fan de camping oan de mar besjogge, wolle de jonges ek op fakânsje. Swemme, farre en mei skepkes yn it sân boartsje.

Al mei al is it in moai boek, mei prachtige detaillearde yllustraasjes wêryn’t je fan alles ûntdekke kinne. Dat it boek fan dik karton makke is, komt goed út mei pjutten dy’t net altyd like foarsichtich binne. Sa kinne we it boek noch hiel faak lêze.

Klaske Faassen-Buma

Mem fan Sybren (4), Bauke (2) en Hessel (10 moanne)

‘Myn grutte syk- en ûntdekboek’ is foar € 13,50 hjir online te bestellen.
-> Klaske is lid fan it Afûk-boekpanel. Wolsto dy ek oanmelde, boeken tastjoerd krije en dêr wat oer skriuwe? Sjoch dan hjir foar mear ynformaasje.

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!