heit&mem

Pretecho op dyn eigen bank

Marrit de Schiffart 13 januari 2021

De pretecho. Einlings kinst dyn lytse poppe yn it echt besjen. Sa bysûnder! Dat barren kin no noch bysûnderder wurde, want echoskopiste Doete Reitsma jout pretecho’s oan hûs. Sa kinst it libben yn dyn búk besjen yn dyn eigen wenkeamer. Michelle en Marcel probearren it en binne entûsjast.

‘Sjoch, de lytse swaait eefkes nei heit en mem en grutte broer!’ Doete Reitsma (31) draait oan ’e knoppen fan har echo-apparaat en beweecht mei de echokop oer Michelle Kooistra (29) har búk. Sy is 16 wiken yn ferwachting en leit relaxt op har eigen bank mei eigen kessens ûnder de holle. Har man Marcel Bouwhuis (35) sjocht mei grutte eagen nei it skerm. Op syn telefyzje ditkear gjin Netflix-searje, mar live bylden fan syn twadde berntsje. ‘Sa’n echo is altyd ûnwerklik om nei te sjen, mar dat it ditkear ek nochris gewoan hjir thús yn Noardburgum is, fielt noch fantastysker.’ Grutte broer Jayson (3) is noch net ûnder de yndruk. Hy fynt foaral de rôze en blauwe ballonnen dy’t er fan heit en mem krigen hat leuk. Hjoed komt hy te witten oft er in broerke of in suske krijt…

Dat broerke of suske hâldt de spanning der goed yn, want Doete moat aardich har bêst dwaan om it geslacht te bepalen. Oant twa kear ta mei Michelle in rûntsje troch de hûs rinne om de poppe draaie te litten. Hindert neat, neffens Doete: ‘Dat is it leuke oan sa’n pretecho oan hûs: wy ha de tiid, want der sit net in oar yn ’e wachtkeamer te wachtsjen.’   

Koroanaproof

As ferloskundige en echoskopiste begûn se yn 2015 mei har eigen ûndernimming Dubbel Zen. Oant no ta is se de iennige ferloskundige yn Nederlân dy’t pretecho’s oan hûs oanbiedt. ‘Ik snap ek net wêrom’t oare minsken net op dit idee komme. Miskien om’t in draachber echo-apparaat in hiele ynvestearring is. Dat fan my komt út Italië en ha ’k nei in lange syktocht oanskaft. Ik ha der noch net in momint spyt fan hân, want ik fernim dat stellen it hiel leuk fine om op dizze manier fan de swangerskip te genietsjen. Flak nei de lockdown wie it hielendal ideaal. Reguliere echosintrums fersoargen gjin pretecho’s mear en partners en bern mochten net mei, dus doe die ik alle wiken wol tritich echo’s. As elkenien klachtefrij is en wy ús oan de oardelmeterregel hâlde, kin dat ek gewoan trochgean. Goede ûntsmettingsdoekjes brûkte ik gewoanwei ek al.’ Neist pretecho’s (2D, 3D en 4D) biedt Doete mei Dubbel Zen ek swangerskipskursussen oan as tarieding op de berte. Ek dy binne koroanaproof, want online of privee oan hûs.

Waarmer en persoanliker

As it klopjende hertsje fan de lytse poppe ‘moai fluch en regelmjittich’ troch de wenkeamer klinkt, wurdt Jayson stil. Komt dat lûd echt út mem har búk wei? Dat Jayson der no by wêze kin, wie foar Michelle en Marcel de grutste reden om foar in pretecho oan hûs te kiezen, fertelt Michelle. ‘Fanwegen koroana mei hy net mei nei in regulier echosintrum.’ Mar bûten dat fynt it stel it ek in hiele moaie erfaring. Marcel: ‘It is op dizze manier waarmer en persoanliker. Sa sûnder tiidsdruk en yn dyn eigen wenkeamer kinst echt fan it momint genietsje.’       

It doel fan in pretecho is net diagnostysk, Doete siket dan ek net nei eventuele ôfwikingen. Dat wurdt dien by in 20-wiken-echo en soks heart net thús plak te finen, fynt se. ‘Stel dat der wat mis is, dan is it better datst al op it goede plak bist.’ Dochs sil de echoskopiste it wol oanjaan as se tinkt dat der wat oan ’e hân is. ‘Dan stel ik de behanneljend ferloskundige ek op ’e hichte. Gelokkich is soks noch noait foarkommen.’  

Sûnder tiidsdruk en yn dyn eigen wenkeamer kinst echt fan it momint genietsje.

It konsept fan de pretecho oan hûs is foaral bedoeld as moaie belevenis foar de takomstige heit en mem. ‘Want,’ stelt Doete, ‘it is belangryk om mei in waarm gefoel oan dyn swangerskip werom te tinken.’ It moaie fynt se dan ek dat elk in oare draai oan har pretecho jout. It iene stel docht it op jûntiid, hiel sfearfol en yntym mei brânende iepen hurd en kearskes, wylst it oare pear hielendal útpakt troch de hiele famylje út te nûgjen en der in live gender-revealparty fan te meitsjen, ynklusyf alle bybehearrende toeters en bellen. De pretecho wurdt ek wolris kado jûn.

Michelle en Marcel ha op dizze moandeitemoarn wer wat oars betocht. Sy wolle net fuort fan Doete witte oft se in jonkje of in famke krije, mar litte de echoskopiste in ballon folje mei konfetty yn de goede kleur. Nei de pretecho komme der in pear famyljeleden om de ballon stikken te prikken. Mei in grutte knal sille se der dan meielkoar achter komme dat Jayson yn febrewaris in lyts broerke krijt!    

Tekst: Marrit de Schiffart
Foto’s: Hippe Kiek fotografie
Ut: heit & mem nr. 2 2020

Boeketip:
Ik wurd mem

 

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!