heit&mem

De toverkrêften fan de natoer yn ‘Mol yn ‘e snie’ (troch Hilde van Kalsbeek)

Dieuwke van der Meer 6 januari 2021

We krije in ferrassing fan de Afûk oer de post. Us âldste dochter Marij (4) makket it pakketsje iepen en fynt dêryn in prachtich ynpakt boek: ‘Mol yn ‘e snie’. “Wauw mem, glitters!” ropt Marij as se it boek besjocht.

It boek is skreaun troch Jonathan Emmett en oerset yn it Frysk. Ik kin de skriuwer fan oare boeken oer Mol (mar dan yn it Nederlânsk). It boek sjocht der moai út (mei yndied glitters op ‘e omslach). It boek is yllustrearre mei moaie, winterske platen.

It boek giet oer Mol dy ‘t op aventoer giet yn de snie. Mol hat noch net earder snie sjoen. Snie hat altyd wat magysk. Marij is dalik ûnder de yndruk: “Wannear komt hjir wer snie? En hoe kin dat dan mei dy ‘toverdiamanten’?”

Mol kuiert troch de snie en glidet út yn de snie. Hy stuitet op wat glêd en skitterjend. In diamant; sa tinkt Mol. Mar is it wol in diamant? Mol wol syn skat mei nei hûs ta nimme. Underweis nei hûs feroaret de diamant. De diamant wurdt wiet en glysterich en feroaret ek fan foarm. It liket wol as is it in toverdiamant. As Mol boppe oan de heuvel komt binne syn poatsjes leech. De diamant is ferdwûn! Dan komt Mol Stikelbaarch, Iikhoarntsje en Knyn tsjin yn de snie. Mol fertelt alles oer syn toverdiamant. Hoe’t dy samar ferskynde, doe fan foarm feroare en ûntsnappe woe en no ferdwûn is! Mol syn freontsjes leauwe him net echt. Mol nimt se mei nei it plak dêr’t hy de toverdiamant fûn hat… en wat fine se dêr? In beam fol mei wol hûnderten toverdiamanten!

Nijsgjirrich wurden oft Mol echt toverdiamanten fûn hat? Lês dan ‘Mol yn ‘e snie’. In prachtich foarlêsboek foar jonges en famkes (4-6 jier) oer de toverkrêften fan de natoer. In boek mei bisten yn de haadrol, dat ynspilet op de fantasy fan bern. 

Hilde van Kalsbeek, mem fan Marij (4) en Else (1) út Warkum.

Mol yn ’e snie is foar € 13,95 hjir online te bestellen.

-> Hilde is lid fan it Afûk-boekpanel. Wolsto dy ek oanmelde, boeken tastjoerd krije en dêr wat oer skriuwe? Sjoch dan hjir foar mear ynformaasje.

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!