heit&mem

Magy yn it boek ‘Mol yn ’e snie’ (Troch Anneke Postma Hassing)

x 6 december 2021

Wat bern is tsjintwurdich al yn ’e kunde kaam mei de snie? Us twilling noch mar ien kear, ús soantsje fan fiif moanne noch noait. Skande, want wat kin snie foar prachtige bylden soargje. In wite tún mei oeral laachjes snie oerhinne, mofkes oan, slydzje…  

It boek slút dêr moai op oan, want Mol hat ek noch net earder snie sjoen. Hy fynt in diamant; mar de diamant smelt! Hoe kin dat no? It liket wol oft de diamant betovere is! Mol wol de diamant meinimme nei hûs ta, mar hè… boppe-oan de heuvel is de diamant ynienen út syn poatsjes ferdwûn. Hy komt Knyn, Stikelbaarch en Iikhoarntsje tsjin. Sy kinne Mol in soad fertelle oer de wûnderlike diamant! En nettsjinsteande it net echt magy is, fine de bisten dochs in manier om de snie op magy lykje te litte.

De omslach fan it boek is lyk al pakkend; it boek glitteret! Elin en Mare kinne de eagen der net fan ôf hâlde. Us Sverre fynt it boek sels om op te iten! De twillingsuskes lêze harren lytse broerke foar. It boek giet oer het sjen fan magy, wylst it eins gjin magy is. It is mar krekt hoe oftst it besjochst. Dit boek krûpt yn ‘e holle fan bern; hoe sy de wrâld sjogge troch harren ‘toverbril’. Yn dizze tiid ien fan de aldermoaiste brillen, ast it my fregest. Al it moais sjen kinne, ast mar hiel goed sjochst.

Us Mare seit: “Koe Mol de iispylken net yn ‘e friezer dwaan? Yn syn húske? Dan bleau er beferzen!’
“Wat in moaie oplossing,” sizze wy. “Oare kear as it hjir bûten ek beferzen is, sille wy dan ek in iispylk yn ‘e friezer dwaan? Dan hawwe wy ek in diamant, lykas Mol!”

Dit jier alwer gjin wite krystdagen, mar mei dit boek yn ‘e hûs dogge wy krekt as de wrâld bûten beferzen is en prate wy oer ‘wat as hjir iis lei?’. En as it safier is, geane wy ek op siik nei diamanten (foar yn ‘e friezer)!

Tige tank foar it moaie boek!

Groetnis Anneke út Tjalleberd

Mol yn ’e snie is foar € 13,95 hjir online te bestellen.

-> Anneke is lid fan it Afûk-boekpanel. Wolsto dy ek oanmelde, boeken tastjoerd krije en dêr wat oer skriuwe? Sjoch dan hjir foar mear ynformaasje.

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!