heit&mem

De resinsje fan Sita: Stip lûden op ’e pleats

x 14 december 2020

Prachtich, learsum, boeiend en útnûgjend, dat binne de earste wurden dy’t yn my opkomme nei it sjen en lêzen fan dit boek.

Op it momint dat it boek mei de post by ús kaam, sei Femke (3 jier) direkt: ‘Mem, mei ik boekjelêze?’ Se wie hiel entûsjast en begong fuort te lêzen (en probearre de lûdsjes út fansels).

Bytiden sitte je as âlders frjemde pogingen te dwaan om dochs mar in bytsje yn ’e buert te kommen fan in echte ko, baarch of hoanne. It ‘kuu-ke-le-kuu-en’ giet my yntusken aardich goed ôf, mar dit boek docht it hielendal sels, da’s folle moaier! Krekt echt en dat treft, want dan kinne de bern begjinne mei it werkennen fan de lûden as wy bûten binne.

Wy fine it sels belangryk dat ús bern leare wêr’t ús iten en drinken wei komt en dat it allegear net fansels giet. Yn dit boek lit Stip sjen wat der allegearre op sa’n pleats bart. Der moat ris wat ûnderhâld dien wurde, de bisten moatte fuorre wurde en sa binne der noch alderhande oare klussen. It boek bestiet út fiif (hurde) siden, is kleurryk en de teksten binne moai koart. At de bern aanst wat âlder binne, kinne se it ek moai sels lêze. Fansels is ús Femke al drok dwaande mei de lûdknopkes.

Datst de lûden fan de bisten en de trekker hearre kinst, makket it boek foar de bern oantreklik. Se kinne oan de hân fan de yllustraasjes en de lûden en mei wat fantasy in moai ferhaal meitsje.

Femke mei it boekje ek graach oan har broerke Bearnt (9 moanne) foarlêze. Hy is foaral gek op alle lûdsjes en soe graach priuwe wolle hoe’t dit boekje smakket, mar dat kin net fansels.

Al mei al in moai boek dêr’t ús bern noch in soad wille fan ha sille.

 

Sita Land-Dotinga út Surhuzum.

‘Stip lûden op e pleats’ is foar € 14,99 hjir online te bestellen.

Besjoch hjirûnder it filmke wêryn ast in lûd út it boek wei hearst.

 

-> Sita is lid fan it Afûk-boekpanel. Wolsto dy ek oanmelde, boeken tastjoerd krije en dêr wat oer skriuwe? Sjoch dan hjir foar mear ynformaasje.

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!