heit&mem

Pippi Langkous, in boek foar jong en âld!

x 7 december 2020

Pippi Langkous yn it Frysk, dat liket ús aardich. Us Fenna (fan 10 jier) is hielendal entûsjast as ik freegje oft se dit boek ek mei my lêze wol. De earste dagen lêze we it boek tegearre, mar al gau docht bliken dat Fenna sels (stikem) oan it lêzen is en al fierder yn it boek is as wêr’t we de foarige deis bleaun wiene…

Pippi Langkous hat fan har heit, dy’t op see sit, in tas fol mei goudstikken krigen en dat witte de twa dieven dy’t hieltyd mar wer probearje om dy tas fan har te stellen, mar Pippi is harren hieltyd foar.

Op in simmerjûn freget Tommy oan Pippi: ‘Tinkst datst hjir altyd wenjen bliuwe silst?’ Pippi seit dat se dat net wit, mar ynienen springt Pippi rjochtoerein en seit: ‘Sjuch, dêr hast him al’, en dêr komt har heit oan. Se beslút dat se Súdseeprinses wurde sil en mei har heit oan board giet. Tommy en Annika fine dat spitich en freegje oft se dan noait weromkomt yn Filla Keakelbûnt, wêrop’t Pippi seit: ‘Jawol, as ik mei pensjoen bin, oer in jier of fyftich, sechstich.’ Pippi hâldt in grut ôfskiedsfeest foar alle bern dy’t der mar hinne wolle.

De oare deis, as Pippi ôfskied naam hat fan Tommy en Annika en oan board giet, roppe de minsken op de kade: ‘Hoera foar Pippi Langkous!’

Mar Pippi kin der mar min oer dat der minsken achterbliuwe dy’t skrieme en ûngelokkich binne, dus: ‘Lis de loopplanke mar wer út, ik bliuw yn Filla Keakelbûnt’, beslút Pippi!

Pippi Langkous, de measte minsken kenne har wol. En dat dêr no in Frysk boek fan is, is hielendal leuk, foar jong en âld! It boek is yn in moai kompakt formaat. Der steane prachtige tekeningen yn dy’t it hielendal ôfmeitsje en ta libben bringe. It boek is aardich foar jong en âld, om foar te lêzen, mar ek om sels te lêzen.

Liesbeth Vrieswijk út Hallum

 

‘Pippi Langkous’ is foar € 22,50 hjir online te bestellen.

-> Liesbeth is lid fan it Afûk-boekpanel. Wolsto dy ek oanmelde, boeken tastjoerd krije en dêr wat oer skriuwe? Sjoch dan hjir foar mear ynformaasje.

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!