heit&mem

De boekresinsje fan Vonne: “Jorrit en Philo begjinne in klup’

De boekresinsje fan Vonne: “Jorrit en Philo begjinne in klup’

x 25 november 2020

Philo wol graach witte wat Jorrit betocht hat. Mar dy wol noch neat sizze.

‘Aanst,’ seit er, ‘ik moat der earst noch eefkes oer neitinke…’

Se begjinne in fûgelklup, in hûneklup en in autoklup.

Ynspiraasje foar de klupkes krije se fan dingen dy’t se sjogge en tsjinkomme.

Se fine fan alles út en belibje dêrtroch allegear spannende aventoeren.

 

It is in prachtich boek. It is maklik skreaun, it hat koarte haadstikken en koarte sinnen.

Der sit humor yn, mar ek spannende stikjes.

It boek is ek hiel geskikt foar de begjinnende Fryske lêzer.

Mei prachtige fleurige yllustraasjes.

Dit boek is krekt wat foar jonges en stoere famkes yn de leeftiid fan 8 oant 12 jier.

Hiel herkenber foar bûtenbern en in ynspiraasje foar bern dy’t net sa faak bûten boartsje of net witte wat se dan útfrette moatte.

Vonne Veenstra, Doezum

 

Jorrit en Philo begjinne in klup’ is foar € 14,95 hjir online te bestellen.

 

-> Vonne is lid fan it Afûk-boekpanel. Wolsto dy ek oanmelde, boeken tastjoerd krije en dêr wat oer skriuwe? Sjoch dan hjir foar mear ynformaasje.

 

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.