heit&mem

Heit Syb en Mem Adriana: oer de nammen fan harren bern

Heit Syb en Mem Adriana: oer de nammen fan harren bern

Thea van der Schaaf 19 november 2020

Syb van der Ploeg wennet mei syn frou Adriana von Bannisseht en harren bern Sinne (2014) en Jesse (2016) yn it eardere skoalgebou fan Kûbaard. Hoe kamen sy by de nammen foar harren bern?

Adriana: ‘Ik hie earder ris heard fan in famke en in jonkje dy’t Sinne en Rein hieten, dat fûn ik sa moai. De namme Sinne stie foar ús dan ek fuort fêst, dêr ha we noait oan twifele.’ Syb: ‘De sinne komt yn safolle ferskes fan my werom, en de namme past ek by har.’ Doe rekke Adriana yn ferwachting fan in jonkje. Mar de namme Rein… Dat woe mar net. Syb: ‘Ik fûn it wat tsjinstridich, “sinne en rein”, as “zonneschijn en regen”.’ Adriana:

‘En we kamen der net út oer de útspraak. Ik soe Rein sizze yn it Klaaifrysk, Syb yn it Wâldfrysk.’ Syb: ‘Rein koe it dus net wurde. Doe soe it Abe wurde, it hat sels efkes Hidde west.’ Adriana: ‘Noch yn de lêste wike fan de swangerskip foel my de namme Jesse yn.’ Syb: ‘Jesse is in hiele moaie sêfte namme, it hat fan Jezus, en dat sêfte hat Jesse sels ek oer him. Jesse is de perfekte namme foar it jonkje dat er is.’

 

Bertekaartsje Sinne

In glimke fan in ingel
naamst út de himel mei
In gouden sinnestriel
in moaie maitiidsdei
Doch dyn eachjes mar iepen
rik mei de hantsjes nei it ljocht
It is mei wurden net te sizzen
wat de leafde by ús brocht

 

Bertekaartsje Jesse

In geskink foar ús allen
fan it suverste goud
As in hjerstblêd nei beneden fallen
en ús tabetroud
Set dyn hertsje mar iepen
mei in keammerke foar ús
Lit it streame fol mei leafde
hjir is dyn thús

 

Foto: Hippekiek Fotografie

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!