heit&mem

Út de comfortzone stappe mei it boek ‘Omke Ûle past op’

x 16 november 2020

‘Yes! Meie wy no einlik lêze?’ Us âldste wurdt kommende wike fjouwer. It wurdt in kabouterfeest. Op it fleurige omslach fan it boek sjogge wy ek in lytse kabouter, it sprekt fuort oan. We wenje oan ‘e boskrâne op de Feluwe, dus de ûle is moai passend by har ferbyldingswrâld en ynteresse foar bisten út de bosk.

We beseagen it boek en wienen direkt benijd nei it ferhaal!
Wat ús fuort opfoel? De moaie kleurde platen, mei prachtich tekene herkenbere details. Wat is dat leuk dien. De siden binne net té fol tekene, wat derop stiet is hiel bewust dien. Goed oer te sjen, ek foar de lytsere bern yn de beukerleeftiid.
En noch in leuk ekstraatsje: de kabouterkes en de flearmûs, dy komme hieltiid wer werom op de siden. Leuk om tegearre op syk te gean! It is in hiel gesellich boek om te lêzen.

It boek is op rym skreaun. Hiel goed foar de taalûntwikkeling. It jout ek fuort in bepaalde ferwachting fan it soart klank dat folget. Sa binne de sinnen maklik te ûnthâlden en kinne de bern fansels de lêste wurdsjes ynfolje. Wer in goeie oefening!

It boek had ek in sosjaal-emosjoneel tema. Wat dwaan (foar in oar), wylst dat net wolst en dêr einlik bang foar bist. Út de comfortzone stappe. De hoarizon ferbreedzje. Ek goed te brûken op skoalle by lessen oer sosjaal-emosjonele feardichheden. It is dat se hjir gjin Frysk prate, oars hie ik it boek seker op skoalle brûkt.

Omke Ûle is in noartske, bang útfallen ûle; ientoanige dagen, niks gjin spanning.
Dan moat er op neefke Eppy passe. It idee lokket him net oan en hy hopet dat de tiid samar omfljocht.
Mar Eppy hat sin yn ‘e bûtenloft. Hy en omke gean op ’en paad en se belibje in hiel soad. It moaie? Ergens komt it punt dat omkes angst ferdwynt! Bist nijsgjirich? Gau it boek lêze!

Groetnis, Saar, Ross & Erika 

omke ûle

‘Omke Ûle past op’ is foar € 14,50 hjir online te bestellen.

 

-> Erika is lid fan it Afûk-boekpanel. Wolsto dy ek oanmelde, boeken tastjoerd krije en dêr wat oer skriuwe? Sjoch dan hjir foar mear ynformaasje.

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!