heit&mem

Jesse: in prachtich boek foar bern út groep 7/8!

x 28 oktober 2020

Opnij lei der in nij boek troch de doar. Ditkear in boek dat ik op skoalle brûke wol: ‘Jesse’, skreaun troch Mindert Wijnstra. It liket my krekt in boek foar groep 7/8!

De beskriuwing fan it boek luts myn oandacht. In jonge ferhuzet en kriget in oare namme. Hy moat nei in nije skoalle, om dêr groep 8 ôf te meitsjen. De minsken yn syn nije doarp meie syn wiere identiteit net te witten komme. Dêrom skriuwt syn mem him yn as Jesse Holwerda, yn ’t plak fan Joshua Timmerman.

Myn fantasy waard troch dy beskriuwing fuort prikkele, want wat soe der oan ’e hân wêze? Earst tocht ik dat it miskien om in flechtling gie, mar dat wie net sa.

Joshua komt út Ljouwert en is de soan fan in Fryske mem en in heit dy’t fan de Kanaryske Eilannen komt. Mei harren trijen en de hûn Spetter foarmje se in húshâlding. Joshua is sljocht op de hûn en is dêr gauris mei te rinnen. Mem is kostwinner en sûnt in skoftke hat ek heit in baantsje. Hy wurket yn de haven fan Harns, dêr’t er alderhande klussen docht. It is net hielendal dúdlik watfoar klussen dat binne.

Syn libben feroaret hielendal as syn heit oppakt wurdt. Al heit syn spullen wurde yn beslach nommen, wêrûnder ek it mobyltsje dat Joshua krije soe.

Mei syn mem ferhuzet er nei syn pake, dy wennet op in pleats by de seedyk. Om’t syn pake al in hûn hat, moat de hûn fan Joshua nei it asyl. It is bot wennen foar Joshua, dêr oan de seedyk en yn it nije doarp en op de nije skoalle. Syn mem en pake beslisse dat it better is dat net ien wit wat syn echte namme is. Sa kin er in nije start meitsje. Dat giet allinne net sa maklik.

Op de dei dat er jierdei is, treft er it buorfamke fan pake. Dy ken er noch wol fan in pear jier lyn, doe’t er wolris útfanhûs wie by pake en beppe. Sy ken syn echte namme. As dat mar goed komt!

It boek is hiel spannend skreaun, alle kearen as ik it fuort lizze moat, wol de klasse hiel graach witte hoe’t it fierder giet. It tema en de skriuwwize binne hiel oansprekkend. Ek it feit dat it him ôfspilet yn de omjouwing fan de bern makket dat der fol oandacht lústere wurdt. Al mei al in prachtich boek foar bern út groep 7/8!

 

Resinsje skreaun troch Tryntsje Hoekstra út Hallum

 

Jesse is foar € 14,99 hjir online te bestellen.

-> Tryntsje is lid fan it Afûk-boekpanel. Wolsto dy ek oanmelde, boeken tastjoerd krije en dêr wat oer skriuwe? Sjoch dan hjir foar mear ynformaasje.

 

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!