heit&mem

Ferhalewedstriid En doe?

Dieuwke van der Meer 21 oktober 2020

Yn 2021 ferskynt in spesjale útjefte fan it tydskrift Heit&Mem: de Pake&Beppe! Do (oant 12 jier) kinst meidwaan troch sels in ferhaal te skriuwen, it favorite resept mei ferhaal te dielen of in filmke te meitsjen oer bygelyks skoalle, boartersguod of it iten en drinken út de tiid dat dyn pake en beppe sa jong wienen as do no.

Meidwaan
Ynterview dyn pake en/of beppe en meitsje der wat moais fan (150 oant 300 wurden). Ferhalen, ynterviews, filmkes en resepten kinst ynstjoere fia ynfo@heitenmem.nl.  
Jou oan datst wat ynstjoerst foar de ferhalewedstriid en fertel der ek efkes by hoe âld ast bist en op watfoar skoalle ast sitst. Wa wit komt dyn ferhaal yn in echt magazine!

Meidwaan kin oant de krystfakânsje!

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.